ter toelichting.

Het verhaal geschreven in 1945 over het verzet in Hurdegaryp, Burgum
, Quatrebras en Noardburgum

Het verhaal is overgenomen uit het Frysk moannebld De Strikel (geplaatst in 1970). De schrijver, destijds anoniem, blijkt de heer Teade Kingma uit Burgum te zijn. Ten tijde van het verzet woonde hij in Hurdegaryp. Zijn vader was politieman (1914-1948) in Hurdegaryp, Wij plaatsen dit artikel met instemming van Teade Kingma
.
We nemen dit artikel op om nooit te vergeten, helaas wordt op geen enkele website aandacht besteed aan deze periode in Burgum en omgeving, maar u kunt het lezen op deze website.

HET VERZET





Leden fan e Binnenlandse Strijdkrachten (NBS-groep), fdieling Hurdegaryp, Burgum en Noardburgum. Groepsfoto fan 23-04-1945. 

Fan lofts nei rjochts - (H) binne Hurdegarypsters:

Efterste rige (3): Ate Hoekstra(H), Klaas Geerts v.d.Veen, Ridzert v.d.Veen (H). 

tredde rige (6): Bouke van der Meulen, Bouwe Berghuys, Henk Westerhof, 

Theo de Clerq, Ids Walda en Hindrik Vonk. 

twadde rige (10): Wiebe de Vries, Teade Kingma (H), Romke Klopstra, Wim van 

Oosten, Wibe Westra (H), Teade Kempenaar(H), Klaas van 

der Meulen (H), Johannes Douwes, Kees G. van der Veen (H) 

en Pieter R.de Vries (H).

foarste rige (5): Bartele Kingma, Freek Vermeulen, Haaije Ferwerda (H), Popke 

van der Meulen (H) en Jaap Adminaal, groepscommandant (H)

op treeplanke: G. van der Meulen (koerierster).

ynset (omkommen): Harmen de Vries, Tjalling Talma en Evert Sijbesma.



DE STF TOBRUTSEN

Oan Evert en Tsjalling en Harm !

Jo bin mei frede ta s kommen,

mei freed en frijdom, wille en ear;

it jok is fan s nekke nommen.

God lof, wy bin gjin slaven mear !

Nou leit ynt stof de stf tobrutsen

fan dyt s wrede driuwer wie,

en t wapenreau yn flammen stutsen

fan him, dyt s nei t libben stie.

Ges. 10 : 4

Dit authentike forhael fan in jong Frysk forsetsman, dyt syn persoanlik wjerfarren yn de lste oarlochsdagen fan 1945 biskriuwt, forskynt neffens de winsk fan de skriuwer anonym. 

Redaksje De Strikel




FOARWURD

Dit is gjin roman, ek gjin novelle. Dit is allinne mar in stikje skiednis; skiednis fan in hiel koart tiidrek - mar in stikmannich dagen - fan in hiel lyts stikje fan e wrld. Einliken mar in pear doarpkes yn Frysln - en fan in hiel biheind keppeltsje minsken - in espeltsje meast jongelju, dyt tafallich (?) dit meiinoar bilibben. It is allegearre bard sat ik it biskreaun haw en it hat djip yngrypt yn it libben fan harren dyt der by wiene.

Ik haw it fstlein, net om har dyt it oerlibbe hawwe mar om har dyt it net oerlibje mochten. Ta in oantinken!

Faeks is it wol mei fr har dyt it oerlibben; faeks ek foar oaren dyt dy tiden meimakken; miskien ek foar harren dyt nei us komme.

Itjinge dat west hat, itselde sil der wze en itjinge dat dien is, itselde sil dien wurde en der is neat nijs under de sinne. Is der ien ding drt men fan sizze kinne soe: Sjochdr, dat is nij? It wie der aI yn e ieuwen dyt foar s west hawwe.


De skriuwer.



DE FOARSKIEDNIS (I)

It is nacht op e Bakkefeanster heide, in tsjustere hjerstnacht yn 1944. Fan aIle kanten slpe skimen op in greate delling ta. Hja jowe har op ndederskate plakken del en wachtsje, skerp harkjend oft ek op kommende wei is drt hja op tidigje. ,,Mmmm... Mmmmm! heart men nei gns in hoart.

,,Hja fleane ek wer, sizze de minsken yn Bakkefean. ,,Berlyn, Hamboarch, Bremen, hwer soe de reis joun hinne wze?

Mar op e heide yn e greate delling geane ljochten op: in witen, in readen, dan wer in witen. En de fleanmachine komt tichter by.

In Bakkefeanster boer skrillet wekker en seit tsjin t wiif: ,,Hja binne net heech fannacht en hy stapt derf om ris troch it dakfinster to sjen oft der ek ljochtkgels hingje en oft der ek sketten wurde sil. Mar hy sjocht neat.

Op e heide is elts yn spanning. De fleanmachine komt dit t. Noch efkes en hy giet rjocht oer de trije ljochten hinne. Dan sirkelt er yn in wide bocht boppe de heide om. In ld-seiner fan e Marine jowt nou mei in lampe morseseinen oan e fleanders. Wer komt de fleanmachine oer en dr sjogge hja se ynienen, al fuort by: de parachutes mei de containers, greate blikken bussen. Wer op e nij leech oer de delling draeijend lit de fleanmachine in twadde foarrie delkomme. In skoftke letter heart men yn e fierte allinne noch in sft geronk: ,,Mmmm... Mmmmm!

De Bakkefeanster boer giet wer op bd en seit: Dy wie al leech, mar der wie neat to sjen. Drt dizze syn doel hat, silIe se fannacht wol net noflik sliepe en hy jowt him wer lekker del. In wein rydt oer de heide. In pear man stappe dernjonken. Oaren komme der hoeden in eintsje efteroan. By in boerepleats draeit de wein de daem yn en it hiem op. Mei man en macht wurdt der oanpakt en ridlik gau is de wein leech. In re letter is alles op it hiem wer stil. Gjin minske is der to sjen, elts sliept en rst fan it diene wurk en garret krften foar de dei fan moarn. It is nacht op e Bakkefeanster heide, in tsjustere hjerstnacht yn 1944. In greate delling leit ek rstich en stiI; hja rest ek fan e taek, dyt hja folbrooht hat en hja glimket as hja deroan tinkt, hoet hja meiholpen hat de wrede tyran to fornifeljen. En hja dreamt fan in ld laech dat tzenen fan jierren lyn him hjir rmakke ta de striid en hja wit dat de neiteam fan datselde laech noch libbet en him hjir fannacht ek rmakke hat foar de striid.


II
It is novimberwaer. Sa by nou en dan falt der hwat reinwetter t in stive loft. Dan lichtet it wer in bytsje; fuort letter dr miggelt it wer hinne. In hynder sjokt mei twa weinen efter him oan stadich fierder. Twa man sitte op it foarkret. Ien is in moaidikke greate keardel fan san lyts fjirtich jier. De oare is in kant jongfeint fan in foech fiifentweintich jier. It lykje beide flinke bazen. Men kin better gjin spul mei har krije, hwant dan koe men wolris fornimme moatte dat hja gns hwat yn e bouten hawwe. De jongste hat de jaechline. Hy driuwt it hynder net to folle; hja hawwe al in hiele loop hawn en hja moatte hjoed ek noch werom. Dr komt har in fytser yn e mjitte. ,,Soe er dat net wze, Auke? Hwat tinkt jo? seit de fuorman. ,,It liket der in bult op, andert syn maet. En ja, hy is it. In jongfeint, sahwat like Id as de fuorman, mar hwat langer en skraelder, stapt fan e fyts. De weinen hlde ek. ,,Nou, Wim, hwer moatt wy wze? En dan docht Wim, dyt in rasechte Hollanner blykt to wzen, forslach. Hy is fan e moarn tagelyk mei Auke en Romke fan hs gien. Doe is hy nei Btenpost fytst om dr mei de GEMOL (gemeentlike operaesjelieder), Fan der Goat it plak f to praten, drt hja mei de weinen hinne moatte. Dat plak is by it Blauforlaet, wit er nou to fortellen. Efkes oerlizze hja noch, dan ride hja wer fierder. In drekkige, wiete reed by in boerespultsje lns bringt har oan it wetter. Gns in set moatte hja dr wachtsje. Dan komt der in pream mei biten oanfarren, dyt oars yn de Surhster Mieden tusken Stynsgea en t Fean lei. Efkes goed om har hinne sjen as de pream to plak leit en dan binne al gau in stikmannich oan it oerladen. Under de biten komme al gau de wapens drt it om to dwaen is, wei. It binne 23 stenguns, 6 gewearen mei bajonetten, 1 Bazooka-granaetlansearder mei de drby hearrende bommen, 44 needrantsoenen, 33 hngranaten, munysje foar sten, gewear en mitrailleur en 4 bussen mei springstof. Alles komt op e foarste wein. De biten der goed oer hinne en klear is Kees. De efterste wein wurdt ek mei biten laden.

Op e brge, sahwat in kilometer f, steane poepen op wacht. Hja hawwe lykwols neat yn e gaten. As beide weinen laden binne stapt Wim wer op e fyts om foart to gean. As er by it boerespultsje komt sjocht er de boer dr stean mei in kiker foar t each. ,,Hwat hawwe dy manlju dr dochs by d ein? freget de man oan Wim. ,,Och, we hebben een lading bieten gekocht, is it andert. De boer skynt it lykwols net rjocht to stean, hwant hy loert alris wer troch syn fierrekiker. Hy sil wol tinke: In nuver plak om to laden. Der is dochs wol in opslach hjir of dr? Mar hoet er ek kipet, hy wurdt oars neat as biten gewaer. Ek as de earste wein oan him ta is, sjocht er allinne mar biten op e wein. Romke kriget de kiker ek yn e rekken en tinkt: ,,Soe dy keardel hwat fornaem ha? ,,Mei k ek ris troch san ding sjen? ,,Jawis wol en sa freonlik as t mar kin langet de man him it ding oer. Dan docht it bliken dat men mei it bleate each suver like folle sjocht, san min ding is it. Romke is dus wol gerst. Op de fstn fan 400 meter hat de man neat merkbite kind fan hwat der oerladen is. Omdat de reed sa min is, hellet de biwenner fan it spultsje syn hynder ek en togearre skuorre de beide gudsen de wein der wol troch. Ek de twadde wein wurdt sa nei de strjitwei lutsen. Dan kin Romke syn brune it ollinne wol f. Dr giet it wer hinne: In hynder sjokt mei twa swiere weinen efter him oan stadich fierder. De twa man op e foarste wein hawwe de eagen goed iepen. Der mocht ris nrie wze! Dan moatte hja sjen to ntkommen. Oars is der nammers ek altyd noch it mantsje fan e NBS (Nederlnske Binnenlnske Striidkrften) t Achtkarspelen, biwapene mei in pistoal. nopfallend soarget er hyltiid net to fier f to wzen. Al bitiid wurdt it tsjuster, foaral nder de beammen fan e Grinzer strjitwei. Om healwei sawnen ist dr al neare nacht. Tichte by de Sevenhsterwei stiet in Dtske auto snder lampen op. Op t lste momint fornimt Romke him. Noch krekt kin er der omhinne komme. Sa giet it stadich fierder. Fuort by it doel fan e reis komt in marechaussee op har ta en bigjint der oer to jeuzeljen dat hja gjin ljocht op ha. Jo moatte sjen dat jo hjir wei komme, gnoarret Auke. Mar dan wol de man witte, hwat der op e wein sit. Dat fortelle wy jo letter wolris en it skynt dat de feint fan e hillige Hermandad skrander gench is om to bigripen dat men tsjintwurdich net alles witte moat, tominsten hy praet nearne mear oer en lit de beide mannen mei de weinen stil ride.

Lokkich binne hja gau to plak. In reedtsje yn en dan komme hja by it spultsje fan Romke syn heit-en-dy. Wim is dr ek al. Mei man en macht wurde de weinen lege. De biten der gau f. Dan komt de kostbere skat, de wapenfoarrie, foar t ljocht. It duorret net lang, dan sit de hiele saek nder it hea.

It is wilens al moai let wurden. Elk siket dan ek mar gau syn eigen hs op. Auke wennet net sa botte fier of; Wim is nderdkt by Romke n-dy. Dat dy is ek fuort to plak.

Bliid dat alles sa goed gien is, geane hja yn e hs: Wim, Romke en dy syn lden. Ek hja hawwe in swiere dei hawn. Hoe faek hat hjoed net ien fan beiden stien t to sjen! Soene sy hast net weromkomme? En de hiele dei hawwe hja yn tinzen mei op reis west en bilibben hja de spanning mei. En doe op t lest wie Wim ths kaem en hie sein dat it wol let wurde koe. Dat hie noch mear soarch jown: by tsjuster snder ljocht oer de Heide, drt it ien en al soldaten is en dan noch wol yn e forbeane tiid. Einlings en ton lsten hearden hja de weinen kreakjen. De spanning fan hjoed is nou wer hwat saksearre mar as hja in skoftsje letter op bed lizze komt de nije spanning: Soe ek ien fan e buorlju hwat fornaem hawwe? Nou moast der ris forrie wze! Hja binne net bang, dy net mear sa jonge minsken, mar hja hawwe wol in hiel great risiko op har naem. Wurdt it spul by har foun, dan bitsjut dat de dea, dr is gjin twivel oan. Mar hja witte dat hja de goede saek, de saek fan de frijheit, tsjinje en dr hawwe hja alles foar oer. Dochs is der tonei altyd in greate spanning yn harren.

De wapens lizze forside yn e skuorre, de hiele winter. Sa nou en dan wurde hja ris goed neisjoen en oppoetst. Wim en Romke dogge dat net allinne; de boer wit ek krektlike goed hoet in stengun tinoar en wer yninoar moat. As hja mei sok wurk dwaende binne hldt de frou de eagen en earen goed iepen en soms moat hja hurd de manlju warskgje dat de boel t e wei moat omt der immen oankomt dyt wolris yn e skuorre komme kin. Inkeld komme der ek poepen oan e doar. Soe de saek forret wze? Komme hja om it hs troch to sykjen? Mar n, de tsjinners fan it op e ein rinnende Dritte Reich komme om to skoaijen om Butter und Eier! Sa is it in winter fol noed en soarch. De manlju moatte har melde foar gattegraverij: hja moatte greate gatten by de rykswegen lns dolle, drt de soldaten by loftoanfallen yn krpe kinne. Fuort letter wurde hja allegearre oproppen foar towurkstelling by de Organisaesje Todt yn Drinthe. Fansels komme hja net. Rounom wurde razzias hlden. Yn de rneaste doarpen wurde in soad ophelle en fuortfierd. De huzen wurde trochsocht; manlju moatte har forstopje nder de flier, yn t hea, yn e hynstekrbbe, nder de turfbult, ja, hwer net. Mar de poepen witte de plakjes ek al aerdich Mannichien wurdt nder de flier weihelle. Hja stekke de foarken yn t hea. Soms fine hja wapens. Dan wurdt der wer in hs yn e bran stutsen, manlju wurde deasketten. 

Dizze foar elts bange winter is foar de hshlding by de Swette wol tige eangstich. Mannich kear jouns let of moarns bitiid moat har wol de skrik om it herte slaen as hja ngewoane lden hearre. As der ris let ien by de doar is of moarns nder melken immen it bths ynstapt, is fansels it earste: ,,Dr binne se! Lokkich blykt it hieltiten wer hwat oars to wzen.

De hiele winter troch wurde der ek gearkomsten yn e keamer hlden. De manlju bisprekke dan de plannen: Gijs van Wijk, de distriktsoperaesjelieder (DOL) t Drachten, Van Rhenen, de gemeentlike operaesjelieder (GEMOL) t Burgum, en mear soksoarte mannen mei nammen dyt harres net binne, binne der dan. Romke syn mem sit dan wer yn t keammerke allinne foar t finster t to sjen. Fan forskate kanten binne de mannen kaem en allyksa geane hja, neit hja bipraet hawwe hoet it om en ta gean moat, ien foar ien wer har wegen. En stadich giet de tiid fierder. Einlings is it maert wurden.


III
It is de joun fan 9 maert 1945. Yn in simmerhske oan e Burgumer Mar tichte by Eastermar is in moai great selskip byinoar. Hjir hsmannet in ploechje nderdkers t nderskate oarden yn s ln. En nou binne der joun ek noch gasten. As wy hwat oan it healtsjuster wend binne, sjogge wy dat ien fan harren de DOL II Gijs is. Dy twa dr njonken him dat binne Fan der Goat, de GEMOL fan Achtkarspelen en Van Rhenen, de GEMOL fan Tytsjerksteradiel. En dr binne Wim en Romke fan e Swette ek. Stadichoan komme der noch mear. Ien fan de lieders jowt noch hwat oanwizings hwat der krekt barre moat. Dan, om tsien re, geane hja hoeden nei bten. It is in moaije stille joun. In pear mannen, dyt oanwiisd binne om op wacht to stean, slpe forskillende kanten t en jowe har del om goed op to passen. 

Dan geane de oaren op in greate pream ta, dyt fan e middei om in re as fiif dr oankaem is mei in fikse lading oan board: 64 gewearen mei bajonetten, 2 Brennmitrailleurs, 1 Bazooka-granaetlansearder en dan de munysje foar al dat reau. Dit spul moat fordield wurde oer de trije sekjes: Eastermar, Burgum en Trynwlden. Wim, dyt wy nou sa stadich oan al kenne, hat de pepieren oer de wapentransporten by him en lst de fordieling op. It docht nou bliken, dat hy de kommandant fan de seksje Burgum is. t de greate pream wurdt it saekje oerladen yn twa lytsere: ien foar Eastermar en ien foar Trynwlden. De lste sil ek it spul foar de seksje Burgum mar mei nimme omdat it wapenopslachplak op Noardburgum by Romke syn lden net oer it wetter to birikken is. t Trynwlden wei sille hja dan wol soargje dat de boel to plak komt. 

Troch it moaije, rstige waer avanseart it oerladen knap. Der komt reid oer de nuodlike lading hinne en dan is der neat mear fan to sjen. Sa gau as it in bytsje ljocht is, geane de skippers de mar oer. De oaren bringe de nacht troch yn it simmerhske mei fortellen, sjongen en akkordeonmuzyk. It wurdt sa noch in gesellige nacht midden yn dizze neare oarlochstiid. Ien fan e mannen, dyt it meimakke hat, fortelt hoet de greate pream hjir kaem is. In dtske sleepboat wie harren foarby fearn en doe frege ien fan e preamskippers oft hja har net efkes meinimme woene. Ja, dat koe wol en sa sleepten de poepen de wapens, dyt tsjin har sels opnaem wurde sille, moai to plak. Eart hja der erch yn ha is it al dei en dan giet elk syn eigen wegen wer. Nei dizze nacht wurde der noch forskate bisprekkingen en gearkomsten hlden foart alles goed organisearre en regele is.


IV
Op 9 april moat alle wapenfoarrie definityf oer de seksjes fordield wurde. Ien Brenn-mitrailleur moat fan Eastermar noch nei Noardburgum brocht wurde en ek ien fan Trynwlden nei Noardburgum. Drwei moatte nei Trynwlden 8 stens mei munysje en in Bazooka mei springstof. Nei Easterrnar moatte dan noch 8 stens mei munysje, hngranaten en needrantsoenen. It kin dus in drokke dei wurde.

Op it spultsje oan e Swette is it dan ek ien en al aksje.

De manlju hawwe it drok om alles to regeljen hwat brocht en helle wurde moat. De froulju (de boerinne, de koerierster en de fammen fan Wim en Romke) binne drok dwaende om 25 overalls foar de seksje yn oarder to bringen: knopen deroan. knoopsgatten meitsje en de Oranje-bannen omnaeije. In hiel kerwei it ien mei t oar. De koerierster moat der ek noch alris by wei om birjochten oer to bringen.

Nei iten giet Romke ris op stap om to sjen oft der ek hwat nei harren nderweis is. It duorret net sa mlle lang of hy komt de wein fan Eastermar mei de Brennmitrailleur, forstoppe nder ierdappels, tsjin. Mar it liket net sa botte gunstich, hwant derefteroan sjout in stel soldaten. Dy binne op en paed nei Dokkum en hawwe de wein nderweis nadere om de rnsels to forfieren. Lokkich hawwe hja der gjin aen fan hwat der inder de ierdappels sit. It skynt ek dat hja gjin forlet mear fan dizze bste Kartoffeln ha, tominsten hja tale der net nei.

De fuorman moat lykwols mei oant troch Feanwalden hinne. Dan wurde de rnsels wer floege en de wein fol ierdappels is ridlik gau to plak. Romke is fuortdalik, doet er seach hoet de saek der by stie, nei hs ta riden. De Juffer (de koerierster) is der doe op t tein om to sjen hoet it frint. Fol spanning sitte de man!ju to wachtsjen. Giet it mis, dan sille hja sjen hwat hja dwaen kinne. In hiele opluchting is it lykwols as hja in skoftsje letter hearre dat de saek noch sa goed biteard is. De wein wurdt lege en de lading foar Eastermar komt nou nder in fracht biten op e selde wein en dan set de ld kdde wer t ein.

t Trynwlden komt in hoartsje letter ek in wein oan. It duorret net lang of dy is ek al wer mei syn nije lading op wei nei hs.

Sa is mei al dizze drokte de middei gau om.


V
It is nou joun.

Yn t Btenfjild tusken Feanwlden en Readtsjerk fytst n jongfeint, in swiere koffer efterop. Hy liket hastich to wzen; hy rydt tominsten stevich troch. Ynienen stiet lyk foar him in hiel ploechje swarte stalten. ,,Halt! Landwacht! Mei in smak kletst de swiere koffer foar de fuotten fan e sawn lnwachters del. Allegearre stouwe hja der op ta. Dit koe wolris in goede hael wze, dyt se hjir dogge. Grif in koffer fol spek of bter of sokssahwat. Mar hja sjogge nuver op as der oars neat as... springstof mei hwat der by heart foar t ljocht komt. ,,Eh... hwer is dy fint bleaun? fljocht har ynienen troch de holle. Mar ,,dy fint hat fan e alteraesje al lang profitearre en is yn gjin fjilden of wegen mear to finen.

Sawn lnwachten yn it Btenfjild tusken Feanwalden en Readtsjerk ha in minne joun. Hja ha in pracht fangst dien: in koffer mei explosiven fan e Oranjebolsjewistische of plutocratische, terroristische elementen, mar hja doarre der net mei by har baes oan to kommen, hwant ,,Hwer is de man dyt dit spul by him hie? sil dy ommers daliks freegje. En dan kinne hja inoar ris oansjen en de iene kin wachtsje oft de oare hwat seit, mar op t lst sille hja allegearre stean to triljen mei de holle foardel foar har banleider of heerbanleiderof hoet er mar hite mei en gjin ien fan harren sil in oannimlike forklearring jaen kinne. Elts fan harren sit dy nachts as in houn mei de sturt tusken de poaten omt er in wn bruijen hawn hat nei hs ta moatte. It laket har drom by einslten better ta om mar nearne oer to praten en de koffer mar fuort to avansearjen.

In fterjend en protteljend steltsje lnwachten giet it Btenfjild troch; fterjend omdat it har de lste tiid mar min nei t sin giet. De poepen sjogge hja bang en senuweftich alle dagen weroan de wei lns gean en altyd deselde kant t: fan it front f, foar it front op. Protteljend omt hja nou san minne set dien hawwe. De kommandant tinkt oan de streken of de stjer, dyt er oars grif wol krige hie; de mannen dreame fan it ekstra lean, it forlof dat der foar har oan sitten hie foar it snappen fan san terrorist. En de iene jowt de oare de skuld en de nacht, de wide stille nacht, is nou fol rzjelden.

Mar de beammen, dyt tusken Hurdegaryp en de Greate Wielen fannacht oer de wei falle soene, bliuwe stean omt Jopy, de Seksjekommandant fan Trynwlden, syn koffer mel springstof fan oan e Lnwacht oerdien hat.Hja binne bliid, dy hege, sterke beammen, dyt krekt de nije maitiid yn har grienjende tken fiele. Hwat dy nachts de Grinzer Strjitwei lns giet heart in sft szjen as in stille glim fan ynlike libbensnocht troch de tsprutende krunen fan de dnkere, kreftige, noch krekt oan e dea ntkame reuzen gean.


VI
Dyselde jounes slpe der in stikmannich, by nacht net goed to nderskieden, persoanen by de pleats oan e Swette it hiem op. Hja wurde gau yn e hs litten, drt by it ljocht blykt dat it jonges fan Noardburgum binne: it is de NBS-groep Noardburgum. Hja krije de opdracht ta sabotage. Alle forkearsbuorden fan it Swartkrs oant Quatrebras moatte krekt oarsom set wurde. Wapens wurde tdield en hja geane op stap. As hja lykwols by de greate strjitwei komme docht it bliken, dat it sa drok is dat hja nmooglik hwat t e wei sette kinne snder ntdutsen to wurden. Boppedat steane der op Quatrebras soldaten op wacht. It rydt mar fuort it westen yn, in wanhopige flecht fan in ynsluten, net mear to redden, leger. Snder risseltaet giet groepskommandant Romke mei syn mannen einlings wer op hs yn om noch efkes it fel oer de eagen to lken. Moarn kin t wolris wer in bannige dei wurde.

VII
Tiisdei 10 april 1945

De hiele dei wer deselde stream fan autos, fytsen ensfh. as justerjoun. As dit sa trochgiet kin der joun wer net folle fan e sabotageaksje komme. As it tsjuster is komme deselde mannen fan juster wer byinoar, mar nou by Oostenbrug, tichte by Quatrebras. Der wachtsje hja op e wachtmaster fan e marechaussee, dyt der op t is om ris poalshichte to nimmen. Om in re as alve komt dy en hy jowt de rie net op stap to gean omdat it wer allegearre poepen is. It risiko is to great en dy buorden binne op t lest gjin minskelibbens wurdich. Wol hwat spitich dat hja har opdracht net tfiere kind ha, geane de jonges wer op hs yn.


VIII
Woansdei 11 april 1945

Doet fan e wike bikend waerd dat Jopy hast snipt is mei de koffer fol springstof, dyt er fan e Swette helle hat, is der alris oer praet oft der ek in oar plak foar de wapens socht wurde moat. It roun suver ek al hwat yn e gaten dat der san fremd folk kaem en dan ek noch al gauris mei in hynder en wein. Auke hat nou wol ien, dyt fuort by oan it wurk wie, wys makke dat der tforkeap fan biten hlden waerd, mar dat nimmen formoedens bigjint to krijen, der binne hja net sa wis fan. Wim en Romke ha nou in better plak tsocht, tichte by it pompstation fan e wetterlieding, drt, as ien fan e wichtigste gebouwen fan FrysIan, tige noed foar stien wurde moat. Hja hawwe mei Kees Oostenbrug, de jonge boer op e manske pleats oan e greate strjitwei, praet en dy wie fuort r om to helpen.

Op e neimiddei riidt der in wein rge dong by Oostenbrug it hiem op. Net mle lang duorret it, of alles leit nder de keamersflier. De frou is to praten. De boer foun it foar har al sa rstich as hja fan neat wist en hat har de doar t praet. 

Krekt binne hja dwaende om de boel yn e keamer wer hwat to plak to skouwen as hja lykwols ths komt. Ta har greate argewaesje sjocht hja in stik dong op it flierkleed lizzen. Dr wurdt de boer fansels fiks oer beskrobbe. Hwa nimt nou soks ek mei yn e hs! Mar as Oostenbrug gau mei feger en in tchblik oansetten komt en it wol tige nuttige, mar foar it flierkleed net sa needsaeklike guod btendoar brocht hat is de frede gau wer tekene.

As Wim en Romke fuort geane witte hja dat har kostbere wapenfoarrie nou in goed plak hat. It is allegearre goed fpraet: in pear man sille nou inkele nachten der mei to set om de wapens goed to himmeljen. As se dan brkt wurde moatte is alles foarinoar.

Sa wachtet alles op it greate momint, dat ien kear - en it kin net lang mear duorje - komme sil, it momint, dat ek it Fryske folk einlings en ton lsten dan dochs ris toane kin hwat it wurdich is. Dan sil it net mear warleas wze. De fiif jier fan fordrukking, fornedering, al it opkroppe leed, de eangst, de soarch, al de forbiten forwoedendheit sil nou strakaensens ta in tboarsting komme.

Hwannear sil it wze? Dat is de greate fraech dyt elts bihearsket. En mar jimmeroan ride der dtskers troch, flechtsjend foar it front op, it westen yn. Nei de Heimat kinne hja net mear. Nou bisykje hja har to konsintrearjen yn Holln. Hja binne bang. Bang foar de disoarder, bang foar de driigjende ndergong fan it Reich, bang foar de Kanadezen, Ingelsken en Poalen, mar as de dea sa bang ek foar fijannen dyt hja net witte hwrt se sitte. Hja flechtsje en sjogge skou om har hinne, nerveus har wapens r hldend en oeral komt binearjend it gefaer op har ta. Hja sjogge it oeral en witte dochs wer net hwrt it is. It is as in spoek dat efter har oan sit en foar har is en lofts en rjochts: in fijn dyt hja net sjogge. Oan e wei steane mnlju: binne it terroristen? In frouminske komt har yn e mjitte: is it in spionne? Bang binne hja, ek foar de ndergrounske fijn dyt syn tiid lykwols fwachtet.



DAGEN FAN STRIID
It is hjoed 14 april.

Hwat sil dizze dei s bringe? Alle dagen hearre wy wer nije forhalen en geroften. Men wit meastal net hwat men al en hwat men net leauwe mei. Justerjoun ha wy jitte by in buorman west to freegjen oft der ek nijs foar de Ingelske sinder west hat. Hy is ien fan de inkelden dyt noch harkje kinne meit er njonken it elektrysk poldergemael wennet endrtroch noch net fan e stream fsluten is. Hy wie net ths. Syn oare helte wist lykwols ek wol it ien en t oar. Foar it radio is net safolle sein oer Frysln. Wol, dat der yn Drinthe by Noarch en Diver of tusken dy plakken yn parachutisten del kaem binne.

Hja fortelde fierder dat de alliearde tanks al oan Oerterp ta wiene. Dat hie lykwols net foar de birjochten west. Nou, dan mar op bd. Dizze nacht soe der hjir wol neat barre.

Al bitiid yn e moarn komt der ien mei it nijs dat der allegearre mnlju op e brge yn e Pein steane en dat der gjin ien lns mei. Neffens it sizzen moat it yn Drachten krektlyk wze. Nou, ik gau wer nei de buorman fan justerjoun ta. Dy is wer net ths, alhoewolt er syn wurk oer de brge hat en dr dus net hinne wze kin. Syn wiif seit ek net hwrt er sit. Dat ik wol formoedens haw hwrt er hinne is, praet ik mar net oer. In oare buorman seit nderweis al tsjin my: ,,Willem stiet ek op e brge. Hy wit ek to fortellen dat der Drachtsters by binne en dat de moarns nei tsienen nimmen mear op e wei wze mei. Dat lste is foar my mar min nijs, omdat ik nou perfoarst nei s eigen doarp (Hurdegaryp) ta wol. Ik haw sa folle fan it forset tsjin de bisetter mei bilibbe dat ik yn gjin gefal nou de lste fase fan it drama, dat dizze kriich is, misse wol. Ik moat nei myn eigen gea ta. Ik fandelje mar gau it nedichste byinoar en triuw dat yn e fytstas. Myn doel is dan mar om, as it net oars kin, dwers troch de lnnen nei Garyp en sa oer Suwld to bisykjen yn Hurdegaryp to kommen. It fskienimmen fan e femylje, drt ik it nou sa lang al sa goed hawn haw en dyt my sa goed forburgen hat foar de sykjende griene pelysje, bin ik noch mei dwaende as wy ynienen in fgryslik gesjit hearre, folge fan in gerop en geraes fan wol tzenen fan minsken dat fan e kant fan Drachten komt. Yn e earste opslach tinke wy net oars as dat de poepen in oanfal op e brge dogge. Stadichoan komt it ld tichter by, oant wy ynienen yn e gaten krije dat it de Ingelsken wol wze sille. Hurd op e fyts fansels en de reed del nei de hoeke ta om to sjen oft miskien dochs wier wze koe hwat wy net leauwe doarre.

In hiel fremde gewaerwurding komt der by my op. Hjir riid ik samar nei de wei op ljochtskyndei. Oars kaem ik hjir nea as ris in kear by tsjuster. Altyd wie der it gefaer: de dtskers, de minsken dyt faek sa graech prate, soms ek wol jin forriede woene.

As wy ticht oan e wei ta binne, sjogge wy se wol riden: tanks en nochris tanks. Op e hoeke steane al gns minsken to wiuwen en to jubeljen. De foarliksten hawwe al oranje op. Ynienen komt it sjitten tichter by. Manlju mei bannen om e earm drt ,,ORANJE NBS op stiet en wapene mei stenguns en gewearen komme oanfytsen: oan wearskanten fan e wei guon. Hja losse hieltiten warskgings-skoaten (of binne it freugdeskoaten?), ja, faken komme der hiele stensalvos. It docht bliken dat der foar de measte minsken ek wol bikenden, faek doarpsgenoaten, by binne. ,,Sjoch, dr komt GjaIt ek oan! ,,Is dat dy soan fan Sytsma net? Sokke troppen hein ik op. Wy krije de wink om us bifrijers goed de rmte to jaen; flaggen en sa moatte noch fan kant bIiuwe. It is noch mar in lytse foarhoede dyt nou op komst is.

As de earste lange rige tanks troch is, sjoch ik twa fytsers oankommen de kant fan Drachten t wei. It binne twa Burgumers. Ik hurd der efteroan en freegje oft ik wol yn Burgum komme kin nout de brge de loft yn flein is. Hja sizze, dat dat wol mooglik is. De moarns binne hja der op tgien om ris to sjen hoe fiert de tanks binne. Hja koene lykwols net fierder komme as de Peinder brge. Mar ndertiid binne de earsten har ek al yn e mjitte kaem en drom wolle hja nou ek mar wer gau op hs oan. It liket my it bste ta om dan mar mei har del. Ridlik gau binne wy yn Sumar. Op e trijesprong is t allegearre minsken. De tanks binne krekt troch nei Eastermar op omdat hja net oer de Burgumer brge kinne.

Tusken al it folk stiet ek in pelysje. Hy ken my wol en komt op my ta om my to freegjen oft ik de tanks net ynhelje kin om to warskgjen dat der tusken de Burgumer Mar en de Daem in skip fol poepen leit. Nou, ik sil t wol bisykje. Dan mar gau dat t. Yn Eastermar docht it lykwols bliken dat de hiele kolonne, nei dr in skoftsje stien to hawwen, krekt wer tein set is nei Koatstertille ta.

Ik praet efkes yn Eastermar en gean dan mei in oare jonge baes, in nderdker t e std, dat nei de Sklenboarger brge t. Wy hawwe heard dat mannen fan e NBS dr al yn e slach binne. Tichte by de brge wurdt s trochdien dat de oanfal fan de NBS fslein is. Oars is der by de brge altyd mar in wachtpost fan in stikmannich poepen, mar nou hie der krekt in skip oanlein mei 16 lnwachten en 2 dtskers en dy binne goed biwapene. Oer de brge komme kin ik dus net. De poepen steane der midden op.

In eintsje tobek lizze de NBS-ers efter in dyk in eintsje it ln yn. Mei alle gewelt wol ik der hinne om mei to helpen. Myn maet kin k lykwols sa fier einliken net krije dat er mei giet. ,,Dan gean ik allinne! Nou ja, dan moat er op t lest dochs mar mei. Wy nei de groepskommandant en s tsjinsten oanbiede. Hja hawwe spitergench gjin wapens oer. Dochs kinne wy harren wol helpe troch to soargjen dat der net ien de wei del giet nei de brge op. Der koe ris ien by t nderfreegjen oan e soldaten drre sizze hwert har fijn sit. Elts dyt nei de buorren giet litte wy troch; dyt nei Sklenboarch wol stjre wy werom en hja litte har stjre. Inkeld is der ris ien dyt nijs jaen kin oer de sitewaesje by de brge. Ien komt om dokter omt der in pear licht forwounen binne; in oaren ien fornijt s dat der trije NBS-ers yn it brgewachtershs sitte, dyt dr net wei komme kinne. Sadrt hja der t komme, moatte de dtskers har sjen. Dizze tynge kin tkomme, hwant by de oanfal op e brge binne der in man as fjouwer wei wurden. Al dit nijs jowe wy oan e groepskommandant troch.

Sat wy dr steane komt der wer ien oan dyt tige hastich liket to wzen. ,,Nou, rop ik, ,,hoe komst hjir, Wibe? It is in doarpsgenoat fan my. Hy hat in brief by him fan e seksjekommandant fan Noardburgum oan dy fan Eastermar. 

Ik bring him gau to plak en fansels freegje ik him nderweis al hoet it der yn Hurdegaryp by stiet. Nou, dat koe wol better. De groep fan Hurdegaryp is wol op syn post yn Noardburgum, mar kin likemin as de Noardburgumers sels hwat t e wei sette. De wapens sitte by Oostenbrug nder de flier en 40 SS-mannen hawwe de moarns bitiid dr har kertier opslein en binne, faeks om de sinnen noch hwat to forsetten, de hiele dei hwat oan t spen en feestjen. Snder biwapening kin de seksje neat bigjinne fansels. It doel wie oars om it Pornpstation fan de Ynterkommunale Wetterlieding to bisetten en ek de brge yn e Swemmer to hoedzjen foar yn e loft springen. Wibe moast nou it forsyk oerbringe oft de Eastermarders de Swemmer brge foar har rekken nimme wolle.

Sat wy dr jitte by de NBS-ploech steane to wachtsjen op andert (de koerierster is mei it brief nei it simmerhske roun, drt de seksjekommandant Kees faeks wol to finen wze sil), hearre wy it ld fan in moter. Dy komt dizz kant t. Dat kinne poepen wze. Drom mar gau te wei. Wibe rekket drby sa yn e toarnen fortiisd dat er mei de iene skonk yn e sleat to lnne komt. Helpfeardige minsken dr fuort by biskikke him lykwols fuortdalik in droege sok. Efkes letter komt de koerierster, in Gerypster frouminske, der ek al wer oanfleanen mei it andert. Dr sil Wibe dan wer mei op hs ta. Myn bislt stiet fuort fst: Ik gean mei! Myn mei-wacht ope wei kin it allinne ek wol f. Krekt ride wy of dr barst myn bn. Fansels, sa bst is sok ark op t heden einliken fan gjin ien mear. Lokkich kin ik in fyts liene. Wy sille mar oer Burgum. Hinnereis is Wibe alhiel oer de Tille kaem. Yn e Eastermarder buorren wurde wy oanhlden troch in pear NBS-ers. It binne goe freonen fan my, dat hja litte s sa ride. By de brge steane wer guon. Hjir jowt it wachtwurd (Juliana) us frije trochgong. Snder tkelteammen komme wy Sumar troch. Op e Burgumerdaem kinne wy mei in boatsje oerset wurde.

Krekt as wy op e Daem binne giet der in boatsje, mei noch al in man as hwat der yn, drwei de kant fan e Mar t. Der wurdt us forteld dat Otte Fennerna fan Sumar dr yn sit. Op Sklenboarch hiene de poepen him pakt en mei it boatsje brochten hja him nei Burgumerdaem. Dr soene hja him deasjitte. Mar nderweis wit er har nder it forstn to krijen dat hja gjin kant mear t kinne en dat it har grif de kraech kostje sil as hja har oan him forgripe. By eintsjebislt jowe hja harren oan Fennema oer en meiinoar binne hja nou wer op stap nei Sklenboarch, drt Fennema syn NBS ploechje wze moat.

Wy fytse Burgum troch, sa mar op ljochtskyn dei. Yn tiden haw ik hjir net west. Allinne in pear kear moarns bitiid by tsjuster.

By Quatrebras barnt hwat sjogge wy as wy op Hsterheide binne. ,,Kaf Yntema barnt! wurdt der roppen. As wy tichter by komme, sjogge wy dat dat net sa is. Twa autos steane yn t brn, krekt op e wei nei Burgum. Doet de tanks fan Noardburgum f nei Dokkum op soene, kamen der krekt dizze twa dtske autos oanriden fan Burgum f. Dat wie fuort klear fansels. Sa mar stiene se yn e brn. Op e hoeke is t allegearre minsken. In pear NBS-ers en de nderluitenant fan e marechaussee geane krekt by De Hoop yn e his. Dr moatte in pear poepen har forstoppe hawwe. Wibe moat earst efkes nei de marechausseekaserne. As wy dr wei komme, wurde der krekt trije lnwachters opbrocht troch NBS-ers. It folk jchheit. Fiif lange jierren moasten wy swije; fiif jier lang hawwe poepen en lnwachten, griene pelysjes en SD-ers s tramtearre en, binammen it lste jier, forfolge en opjage. Nou is de saek oarsom; nou wurde dy lnforrieders, dyt har eigen lnslju fuortsleept hawwe nei btenln of strafkamp, nei finzenis of konsintraesjekamp, einlings bitelle foar har dieden. Is it in wnder dat de minsken har net stil hlde kinne en dat forskate de hannen jokje? 

Mei wyt-forlutsen oantlitten rinne de trije dappere rnannen mei, faeks bang, dat hja bihannele wurde sille lyk as hja wend binne har slachtoffers to bihanneljen. Yntiid lnje wy by Oostenbrug oan, drt Wibe syn boadskip oan Wim, de seksjekommandant, oerbringt. Ik meld my ek by Wim, dyt my hyt munysje nei it Wettergebou to bringen. In kear as hwat bring ik dr in sekje fol petroanen en stenhlders hinne. By Oostenbrug is it allegearre drokte. Alles is nder de flier weihelle doet de SS-mannen fuort wiene. De trije lnwachten, dyt wy krekt yn e mjitte kaem binne, wiene mei har hshldingen mei twa boereweinen yn e skuorre by Oostenbrug. In man as hwat binne fuortdalik, doet hja de wapens hiene, drhinne gien en op sommaesje drta stieken de Hitlerfeinten allegearre moai de hannen yn e hichte. Dat wie in aerdich bigjin. Der hoechde nou ek net sketten to wurden. Dat wie ek mar goed, hwant der stie op dat stuit krekt in dtske auto foar hs op e wei.

Nei dit trarnmelantsje binne de mannen nei it Pompstation gien om dat to bisetten. Dat wie in maklik kerweike, hwant der wie nimmen. As ik dan ek by it Pompstation kom mei munysje, hawwe hja har al aerdich ynstallearre. Myn doarpsgenoat Jaep Admiraal tref ik dr ek oan as groepskommandant fan e Hurdegerypster ploech. Sa gau mooglik gean ik wer werom. Myn liende fyts, dyt de fiif jier oarloch ek net alhiel snder skeel trochkaem is, kin de loop net sa bst dwaen mei de swiere lading fan stenhlders en gewearpetroanen efterop. Dochs red ik it in kear as hwat wol op.

By Oostenbrug yn e foarkeamer sit Harm de Vries fan Noardburgum de petroanen to skiften en de hlders r to meitsjen. Hy soarget dat der hieltyd wer in frachtsje foar my klear stiet. Under it hin en wer fytsen hear ik in kear as hwat efteninoar sjitten. 

Wim jowt my de opdracht nei it Boskhs to riden om ris to sjen hoet it der dr foar stiet. s koerierster is dat ek al t. Ik bin lykwols noch mar in eintsje op stap of dr komt Ate fan Feanwldsterwl oan op in Dtske fyts. Hy is ien fan de ploech dyt nder groepskommandant Romke de bosk yn soene om to bisykjen de poepen dyt dr faeks noch sitte to pakken to krijen. Doet hja op it paed njonken Kramer nei de barakken fan e Dtske bisetting nderweis wiene, kaem ynienen de kommandant fan de Luftwaffepost dyt dr lei, Unteroffizier Hunze, op har tafytsen de reed t wei. Op in pear hndert meter fstn waerd him taroppen dat er him oerjaen moast. Dat woeder grif net, hwant hy liet him omfalle en gyng lizzen to sjitten. Doe fjurren de mannen fan s ploech fansels ek fan har f. Der foelen forskate skoaten en op mear as ien plak rekke liet de Luftwaffeman it libben. (Letter waerd er by Kramer op it hiem biierdige.)

Om hjirfan forslach oan e seksjekom-mandant t to bringen is Ate nou nderweis nei Oostenbrug. Ik gean mei him drhinne. Wim is drok dwaende om alles hwat op gIeed to krijen. Kalm en rstich jowt er syn bifellen. Elts wit sa hwat er dwaen moat en nettsjinsteande de greate spanning drt elts yn forkeart giet alles wol goed. Ate fortelt hwat harren bij de bosk wjerfearn is en seit dat der noch wol in tweintich Dtske soldaten yn e bosk forskle sitte. Der wurdt ris oerlein hoet dit moat. Wim fynt it net forantwurde en lit in man as tsien toalve dr op los gean. En mear kinne der dochs hast ek net frij makke wurde. Der moatte nedich in stik as trije dbelposten op it Pompstation bliuwe en in man as fjouwer by Oostenbrugs is ek neat to folle. Om nou in oanfal to dwaen mei in ploechje NBS-ers, dat de helte lytser is as it tal fijannen en dan ek noch yn in bosk op, dat fol loopgraven en hoalen sitte kin, is dochs net to weagjen. Dan moat men der noch net ienris oan tinke hoet de poepen bihurde binne yn e striid en s mannen noch sa nbileard yn dit bidriuw. ,,N, seit Wim, ,wy weagje s rnannen net nnedich. Drom krij ik oarder om nei Burgum to fytsen en by de GEMOL to freegjen oft dy ek forsterking stjre kin. Op Quatrebras tref ik in pear doarpsgenoaten, dyt my fortelle, dat s heit (plysjeman yn Hurdegaryp) krekt ek nei Burgum is mei noch in pear oaren om trije Dtskers dyt harren yn Hurdegaryp oerjown hawwe, op to bringen. Faeks moetsje ik harren wol.

As ik dan nei Burgum riid wurdt it al hwat skimerich. Ik sjoch mar goed om my hinne. Mochten der noch poepen t e bosk ntkomme wolle, dan is dit har gouden re. As hja myn NBS-bn om e earm sjen soene, haw ik de slach forlern. Ik soe dy bn ek fdwaen kinne, mar dat bringt ek faeije knsen mei. Der mei sa let net ien mear op e wei wze. As ik BS-ers tref, soene dy my grif foar in forkearden ien oansjen, binammen nou t ik op e fyts fan e sneuvele dtske unteroffizier riid. Sa fyts ik hoeden de stille wei nei Burgum del. Gjin minske is mear open paed. Ik moat tinke oan myn reizen, moarns ierenbitiid, doet ik sa by tsjuster, in wikemannich lyn, hjir ek lns ried, krekt de oare kant t en in wike letter wer werom. Gjin ien mocht my doe sjen. Hoen hiel oare tocht meitsje ik nou. Doe wiet noedlik, mar nou faeks net minder.

De GEMOL (Gemeentlike Operaesje-lieder) is - fansels - net ths. Hy is mei in man as hwat op patrouille nei de Ritskeloanebosk, drt noch soldaten sitte moatte. Yn e Skoalstrjitte sjoch ik in pear minsken stean. Ien drfan is in BS-er, in Burgumer kapper. Ik freegje him oft hy ek wit hwrt de GEMOL is. Ja, hy hat sels mei him nei de Ritskeloanebosk west. Nou binne hja krekt werom. De man dyt ik sykje sil ik wol op it gemeentehs fine kinne. Dan dr mar gau hinne. Dr binne noch hiel hwat minsken, meit de Stf dr setelt. De GEMOL tref ik dr ek. Ik doch myn boadskip. Mar forsterking kin er s net stjre. Der moat in ploech nei de Foanejachtsbrge, seit er en in oare ploech nei Burgumerdaem nei in oaljeskip. Dat hy kin s nmooglik helpe. Mar de bosk moat skjin, jowt er oarder. Dy rommel moat oprme wurde. De dbelposten op it Pompstation moatte dan mar inkeldposten wurde. Alle wapens en munysje en sa moatte by Oostenbrug wei nei it Wettergebou ta en dan mar mei san great mooglike ploech de bosk yn. Nou, dan ik mar wer mei dat birjocht op Noardburgum yn. It is al san re as tsien wurden, tink, en al moai tsjuster. Sa hurd as ik kin sjoch ik wer to plak to kommen. As der joun noch hwat barre moat, dan is der haest by hwant it wurdt stadichoan noch tsjusterder. 

Ik bin bang dat it dochs al hast gjin dwaen wze sil en dat, as wy de bosk yngeane, der net sa folle fan s oerbliuwe sille, mar ja, ik bin gjin militair deskundige en ek gjin baes.

Sa kom ik al moai-gau wer by Oostenbrug oan. Ik sjoch gjinien wacht mear stean. Hja binne grif mei de hiele boel foar de nacht noch nei it Pompstation forhuze. Snder skyldwachten sille hja hjir dochs net wze. Dus riid ik mar troch. By it Pompstation stiet efter de hikke in wacht. It wachtwurd! ropt er as ik op it lytse poartsje njonken de hikke taset. ,,Griene tsiis, siz ik. ,,Nou, dan is it wer foroare, sait er. Ik moat der wol efkes om glimkje. In lytse flater yn e organisaesje. De hiele dei wie it wachtwurd oeral ,,Juliana mar de middeis hat s seksjekommandant sein dat it nou, foar s seksje alteast, ,,Griene tsiis wie. Lokkich mar dat s wacht seach dat ik it wie. As hy my der ynlitte sil, freegje ik oft de mannen fan e pleats hjir nou ek kaem binne. Ta myn forwndering hear ik dat se der net binne. De wachten (der is t it tsjuster noch ien nei foaren kaem) fortelle my dat der niiskrekt sketten is dat nei Oostenbrug t. Der wie krekt in auto hjir lns kaem en fuort drnei knalden der skoaten. Hja binne der net gerst oer. Ik sit al wer op e fyts. Omt ik by Oostenbrug gjin wachten sjoen haw, gean ik hoeden it hiem op. Dan sjoch ik ien op in draef foar it hs lns gean. It is s koerierster, dyt mei in skaal fol wetter by de reinwettersbak wei komt. ,,Gelokkich, seit hja, as hja my sjocht, ,,Kom gau mei; wy hawwe twa forwounen: ien swier en ien licht. Kinne jo earste help forliene? Spitergench kin ik dat net. Ik gean mei yn e keamer drt fan e middei de wapens r makke binne en de petroanhlders folle waerden.

Dan foar my in byld, dat ik net licht wer forjit: Auke fan Noardburgum, Wim mei in stik as fjouwer BS-ers en dr... dr lizze twa fan s maten. Ik kin net sjen hwat it binne en troch de drokte en alteraesje komt men der net ienris oan ta om soks to freegjen. Hwat docht it der ek ta; it binne twa fan s maten en op dit stuit binne se s allegearre like nei. Wy moatte se helpe en dat sille wy ek dwaen, sa goed as it kin. De swier forwoune litte wy stil lizze. Dr doarre wy sels net mei to bigjinnen. Hy hat in skot yn it lichem krige. In kjessen nder de holle en sa goed mooglik to plak lizze, mear kinne wy net dwaen. Op myn fraech oft ik ek om in dokter t sil seit de Juffer, dat der krekt in pear jonges fan Hurdegaryp wiene, doet der sketten waerd en dat dy dokter Poppinga war-skgje soene. Dus is it wachtsjen dr op.

It oare slachtoffer hat in kgel alhiel boppeoan yn e lofter skonk krige. Syn fingers binne ek trochsketten. Wy bigripe dat der gau better help komme moat as wy jaen kinne. Drom gean ik nei de Marechausseekaserne om to sjen oft dr ek in EHBO-er is. As ik dr kom, fyn ik dr in man as hwat fan de Oardertsjinst (OD) op wacht foar hs. Hja sizze my dat der gjin ien fane pelysjemannen is en dat gjin ien fan e oaren op e hichte is mei EHBO. Hja tinke dat it it bste is ien fan e EHBO-ploech fan Noardburgum op to heljen. Dan falt my lykwols hwat betters yn. Mefrou de Wal, de frou fan e grifformearde dmny, dyt hjir fuort by op Quatrebras wennet, hat forpleech-ster west.

As dy komme kin, binne wy noch better klear. Durk, ien fan e mannen, dyt op e kaserne is, giet mei my. Sa sunich en hoeden mooglik geane wy de wei lns. Der koene nochris mear poepen passearje en fan hwat gefolgen dat wze kin, hawwe wy nou sjoen. It is lykwols allegearre sa rstich en stil, dat men jin einliken net yntinke kin, dat it oarloch is. 

Gjin minske to sjen of to hearren. Alles sliept, sat skynt. By dmny De Wal skilje wy oan. It duorret efkes, dan hearre wy gestommel en efkes letter stiet dmny foar s. Wy lizze him t hoet de saek der foar stiet en hwert wy om komme. Hy sil syn frou helje. Nei in setsje komrne hja togearre btendoar. Hy giet sels ek mei as it goed is. Fansels is dat tige. Hja hawwe in tas mei spullen, dyt faeks brkt wurde moatte, by har. Gau geane wy fjouwerisom dat t, Mefrou by dmny efterop. Underweis fortel ik it hoe en het. Ridlik gau binne wy by Oostenbrug. In pear fan e NBS-ers, dyt noch op e pleats binne, steane nou krekt efter de btendoar yn it gonkje op wacht. De doar is op slot. As wy s bikend makke hawwe, wurde wy ynlitten. De Juffer en Wim ha de iene forwoune sa goed mooglik forsoarge. Nou kinne hja in part fan har taek oerdrage oan mefrou de Wal. De woune, dyt net sa bot mear blet, wurdt nou in stik forbn op lein. Mar hwat kin men folle mear dwaen? Hwa hat nei dizze fiif jier oarloch noch de middels, dyt hjir einliken nedich binne? Ek oan de oare forwoune wurdt fansels alle soarch jown, mar it liket s allegearre slim ta mei him. Ds. de Wal bgt him del oer it oantlit fan him en seft praet er mei him. Dan pas hear ik hwat it is: Bouke Kingma. De oare is Tsjalling Talma fan Feanwldsterwl. Bouke is goed by kennis en hy wit ek wol, dat it slim mei him is. Ien fan e earste dingen, dyt ik him sizzen hear, is: Ik moat stjerre, dmny. Mar dat is net in wurd fol fortwifeling, mar in wurd fan greate birsting, omt hy wit dat it sa goed is. Ek syn fierdere wurden wize dat t. Wy harkje stil ta. Wylst forsoargje wy Tsjalling. Beide njonken inoar lizze hja dr. De iene mei de dea lyk foar him; de oare, neit s taliket, mei in fleiswoune, dyt nei net to lange tiid wol wer better wze sil. Hy hat slim pine. Dochs draecht er dy manmoedich en, neit letter bliken docht, harket er noch goed nei hwat dmny mei Bouke bipraet. Bouke fortelt, dat er krekt de oare deis bilidenis fan syn leauwe dwaen soe, as de NBS nou net yn aksje kaem wie. Hy sil dat nou net mear hjir op ierde dwaen kinne, mar moarn sil er wze by Him, Dyt hy yn it iepenbier bilide soe as syn Hear en Kening, Dyt him, Bouke, ek forlost hat. It sa rstich en forsekere de dea to mjitte gean, soe it mooglik wze sunder dit to witten? By mannichien fan dit hjirre joun op san fremde wize byinoar kommen selskip sil der in stil gebet west hawwe om bihld fan de lichemen fan dizze beide freonen en sil der in djippe drvenis wze om it leed dat harren oerkaem is. Dochs kin it net oars as greate tankberens fielt as men heart hoet Bouke alhiel r is foar de greate reis; hoet hy net tsjin e dea oansjocht. Fansels tinke en leauwe hja allegearre net gelyk, dyt hjir byien binne, mar elts moat wol fol earbied en stil wze by san great en sterk leauwe.

As wy mel Tsjalling klear binne, is dokter Poppinga der noch net. Wim hyt my om ris to sjen oft dokter De Groot fan Feanwlden ek komme kin. Drnei moat ik dan nei Burgum om oan de GEMOL to melden hwat der bard is en him to sizzen, dat it nou neffens s seksjekommandant nrnooglik is de bosk to suverjen. Dat soe oars al in noedlike ndernimming west ha, nout wy ek noch twa man minder hawwe en boppedat de forwounen net allinne litte kinne, sil it alhiel net kinne.

Sa gean ik op stap, wer de nacht yn.

By dokter De Groot komt op myn oanskiljen dokter sels foar. As ik him tlein haw hoet it gefal der ta leit, forklearret er him dalik r mei to gean. Hy noeget my yn e hs en jit my in gls molke yn. Dat falt der tige yn. Ik lit my efkes efteroer yn e noflike stoel sakje. Hwat kin in stoel bihaechlik wze as men de hiele dei yn tou west hat. Njonken my tikket in klok. It is allegearre tsjuster yn e keamer. Dokter hat de lampe efkes meinaem om him r to meitsjen en de spullen, dyt er faeks brke moat, byinoar to sykjen. Hoe let soe it einliken wze? Ik haw der gjin id fan. By it ljocht fan myn bslampe sjoch ik op e klok: krekt toalve re is it. Hwer is dizze dei bleaun! Hwat is der al hwat bard op dizze iene dei en hwat kin men jin it al min allegearre foar de geast helje; de feiten lykje wol alhiel trochinoar to meallen.


Nou is it dus al snein (15 april 1945). Sa sit ik to prakkesearjen en fansels geane myn tinzen hieltiten wer nei dy keamer op e Heide, drt dy iene rstich wachtet op e dea, drt dy oare san pine lijt.

Nei in skoftsje komt dokter wer by my. Ik freegje him, oft er my faeks ek in oerjas liene kin. It is folle klder wurden en it reinde niis ek in bytsje. As wy fuort letter togearre fuort ride, haw ik in oerjas fan dokter oan, dyt my fiersten to great is. Underweis forhelje ik him hwat ik wit fan de forwounen. Sa pratende binne wy al gau op Quatrebras. Nou wurde wy al foarsichtiger. Ik haw foar dizze hiele reis myn bn mei ,,Oranje der op mar net om e earm hlden, omt wy nou wol fornaem hawwe dat der noch wolris dtskers nderweis binne. De twa forwounen binne foar s in warskging om nammers to better op to passen. As wy in eintsje de hoeke op Quatrebras om binne sjogge wy fier foar s t in pear kear in ljocht op en t gean. It is in helder ljocht mar fst wol in pear kilometer f liket s ta. In fyts of sa, miskien. Wy binne in pear hndert meter fan e hoeke f en al moai tichte by Oostenbrugs, dan fornimme wy ynienen hwat foar s. Learzens klosse op e dyk. Dokter bisiket efter in beam wei to wurden, mar it is al to let. Halt! Wie daar? is it. Dat binne fansels in pear fan s eigen mannen, tink ik. Hja prate Hollnsk. ,,Goed folk!, rop ik. ,,Handen omhoog! Der sit neat oars op, wy stekke de hannen omheech. Foar s steane twa man. It is to tsjuster om krekt to sjen hoet hja der t sjogge. Ik sjoch al dat se in wapen oer t skouder hawwe. Hja kinne s wol goed opnimme hwant in fikse kniplampe set s aerdich yn t sintsje. Nochris: ,,Wie daar? Hja steane nou mar mear in meter fan my f. Utnaeije is der net by. ,,Der Artz, ropt dokter. ,,De dokter, siz ik omt ik wol goed heard haw, dat hja hollnsk prate. Mar as ik nochris goed sjoch, wurdt it my wol ddlik hwat wy foar hawwe: dtske unifoarms. Hoe sil dit komme? As de beide keardels lykwols hearre dat der in dokter by is meije wy de hannen sakje litte en moatte wy s legitimearje. ,,Persoonsbewijzen wurdt s tafoege. Dat kin. Dokter lit sines earst sjen en toant tagelyk syn dokterslegitimaesjebiwiis. Nou, dat is allegearre ynoarder. Dan bin ik oan bar. Ik haw de hiele saek ek wol foar inoar: in falks persoansbiwiis, in falske stamkaert, in forfalske fytsfrijstellingsbiwiis en in Ausweis. Mar dokter is faeks fan bitinken, dat it mei myn pompieren wol gjin bisjen lije kinne sil, dat hy seit:

,,Deze man heeft mij even opgehaald. De mannen binne f tige geskikt (en dat binne wy fan har soarte oars net wend) f tige hastich, mar yn alle gefallen hja sizze, it is dan wol klear. Wy kinne wol fierder gean. Foartiid krije wy lykwols it leksum mei, dat der in greate troep nderweis is en dat wy fuort stean bliuwe moatte as hja s oanroppe. Oars wurdt der dalik sketten.



Nou, dat komt wol ynoarder, anderje wy. En dr geane hja wer, hoeden fierder strunend oft hja ek hwat sjogge of hearre. Elts dyt harren op e fyts yn e mjitte komt sil har net ntkomme kinne. Hja fornimme in fyts altyd earder en dan stiet men fuort yn t folle ljocht fan har bslampen. Wy sjogge mar gau by Oostenbrugs to kommen. Dit avontr is wnder boppe wnder froun. As ik tink oan de bn dyt ik de hiele joun om e earm hawn haw en dizze loop yn myn lears treaun haw, as ik sjoch nei myn fyts fan Unteroffizier Hunze, in echt dtske fyts mei it nmer ,,Luftwaffe 56 of soksahwat drt hja net ienris erch yn hawn ha, dan kin ik net oars as dr in biwarjende hn yn sjen. As hja nou ris der op yn frege hiene hwert wy hinne moatte of as ik har op e hinnereis moete hie, hoe dan?

Lykwols it gefaer is ek nou noch net foarby. Wy hearre geriid en gerattel oankommen. Soms klinke der ek stimmen op. Sa nou en dan is it ljocht der ek wer. Fan tiid ta tiid brke hja sat liket in lampe. Oars riidt alles yn t tsjuster, krekt lyk as wy sels.

Moai foardat de troep oan s ta is kinne wy by de pleats fan Oostenbrug kornme. Op s roppen wurdt de doar iependien. In man as trije steane efter de doar yn e gong. Dokter syn fyts sette wy binnendoar. Dan geane wy de keamer yn. Dokter Poppinga is yntusken ek kaem. Hy is al drok dwaende. Alderearst warskgje wy nou dat alles stil wze moat en dat it ljocht ek oars delset wurde moat omt it sa fan bten in bytsje to sjen wie. Wy fortelle koart hwat wy bilibbe hawwe en kundigje oan dat der in greate kliber poepen oankomt. Sa hurd mooglik wurde de nedige maetregels naem. De lampe komt op e groun efter de tafel to stean. It ljocht kin nou net mear troch de gerdinen to sjen wze. De wachten yn e gong krije ynstruksjes en efkes letter wachtsje wy stil op e dingen dyt komme sille. Net lang duorret it of it gerattel is yn e hs skoan to hearren. Ik gean nei de gong nei de wachten ta. Dr kin men better hearre hwat der bart en troch de glzen yn e syddoar kin men ek hwat sjen. In moai skoft steane wy dr sa.

Gerattel fan weinen, gekletter fan hynstepoaten, drtrochhinne somtiden stimmen fan e wei, de lden t e keamer: de sfte stim fan dmny De Wal, dyt mei Bouke praet, it gekroan fan e forwounen; dat binne de lden dyt yn dizze re fan spanning ta s komme. Ynienen in gerop foar hs. Dan hlde de weinen. Hwat sil it wurde? Ynkertiering? Hoe sil dit frinne? Hurd warskoget ien troch de doar de minsken yn e keamer. Allegearre harkje dr nou ek nei. Hja dogge it ljocht yn e keamer foar alle wissichheit t. Auke komt ek by s yn e gong. Wy prate f dat Auke, as de poepen ynkertierd wurde wolle, bisykje sil har yn e skuorre to hlden. Hy sil him foar de boer tjaen. De tuskendoar nei it wenhs giet op slot. Yn spanning wachtsje wy. As der ynkertiering is op Noardburgum, geane hja Oostenbrug syn doar nea foarby: dy hat ommers rmte! Faek bliuwe hja net allinne yn e skuorre. Offisieren moatte dochs ek plak ha en dan moatte hja dit wer brke en dan dat wer liene. Dat wy binne net snder soarch. Noch hieltyd raze de poepen foar op e wei om. Dan: learzegeklos op it paedtsje it hiem op. Dr binne se! Wy binne op s iepenst. It ld komt net tichter by nou. Dan hearre wy it op e oare kant fan t hs. Efkes letter dr rattelt in amer yn e reinwettersbak. Hja helje wetter foar de hynders. Oars moatte foar sok soarte fan dingen altiten de minsken dert kloppe wurde, mar dizkear rdde se har sels. In aker is der oars ek net ienris. Dr hearre wy de stappen wer foar hs lns gean, dat nei de wei op. In setsje duorret it noch en dr set de saek wer yn biweging. In pear bifellen wurde der raesd en dr geane se. ,,Gelokkich, suchtsje wy. Mar de stoet is noch net sa botte fier of dr komt wer in nij ld: in protte soldaten op fytsen passearje.

De mannen, dyt mei my yn e gong op wacht steane, wurde nou yn e keamer roppen. Mei alle NBS-bannen, wapens en munysje geane hja yn e kelder nder de flier, in hast nfynber sklplak. Ik bliuw allinne op wacht sitten foar de btendoar. As ik wer fytsen hear kypje ik troch it rtsje, mar der is neat to sjen. Harkje is dus it iennichste hwat ik dwaen kin. Sa sit ik dr yn e gong, sa kld as in stien, en wachtsje. It is min waer wurden: reine en waeije, dat it siicht slim nder de doar troch; men forklmet alhiel. As ik sa in skoft sitten haw en it fytsen wer ophlden is, komt de koerierster by my yn e gong mei it drve nijs dat Bouke Kingma hinnegien is. Hwat wy wol oankommen seagen, is bard. Ik wurd der dochs noch kjel fan. Sa gau hie k it dochs net forwachte. It sil nou san re as trije wze. Alles hwat der troch myn tinzen giet as ik dizze tynge krij is net to biskriuwen. Hwat oerhearsket sokke tiden yn jins geast? In greate skrik en hvering dat de dea sa tichte by is? Meilijen, meilibjen mei dy earme femylje? Selssucht, blidens dat men sels biwarre is foar it nk, dat in oar trof? Tankberens dat hy, dyt weinaem waerd, r wie om foar syn Hear to forskinen? De fraech: hoe soe t mei my der foar stean as my dit oerkaem wie? Ik wit it net; dit allegear bistoarmet my as ik dr stil yn dy klde, tsjustere gong efter de doar sit op to passen.

nderwilens binne Wim en syn mannen wer nder de flier wei kaem. Der is bisletten dat hja mar nei it Pornpstation gean sille, drt alles better to fordigenjen is en drt ek net sa folle kns is dat de poepen der komme as hjirre. Hoeden wurdt de btendoar iependien en dan giet der ien t om ris to sjen en to harkjen. Alles is lykwols wer rstich wurden. Dan fordwine hja, slpende figuren yn e nacht.

Efkes letter komme ek dmny en mefrou De WaI en dokter De Groot t e keamer. Ik freegje dokter hoet it mei Tsjalling liket. Him tinkt dat it nochal in slimme woune is. It is noch min to sizzen hoet it gean sil. Dan geane hja der t. Ek dokter Poppinga giet fuort.

Ik haw yntusken alris yn e keamer west to sjen. Bouke leit dr rstich, as slepte hy. Der nst leit Tsjalling, syn skonk forboun en mei spalken der by lns. It hie bliken dien dat de bonke ek stikken wie.

Wy binne nou mar mear mei syn fjouweren by him oerbleaun: Auke, Durk, de Juffer en ik. Wy geane alles goed efkes nei hwat us noch yn gefaer bringe kin. Wy fine yn it portaeltsje by de gong noch in karabyn en trije hngranaten. Dy bringe wy nei de skuorre, drt wy se forstopje op e weinen mei bagage fan e Lnwacht. It is dochs dtsk spul allegearre, dat it kin der wol op troch. Auke bringt syn pistoal ek hjir of dr forside. It skriuwburo yn e keamer is bidutsen mei kranten, drt de doktersspullen op stien hawwe. It docht bliken dat it allegearre yllegale bldden binne: Trouw, Vrij Nederland, De Stiennen Man ensafuorthinne. Dy wurde yn e kachel treaun en opbarnd. Dat wol net best. It mikagleske bigjint ek noch mei to flamjen en it rikket slim. Durk hat noch in soadsje ketnsjes yn e bse fan jild, dat er krekt oan nderdkt spoarpersoniel tbitelle hat. Dy wurde op it skoarstienboerd forburgen. Op t lst ha wy alles sa goed mooglik fan kant. Wy prate f hwat wy sizze sille as de poepen komme mochten en dan binne wy r foar de koarte nacht. De koerierster giet nei de sliepkeamer en wy sille bisykje hjir noch in bytsje rst to finen. Tsjalling slget by tiden san bytsje. Ik sjoch noch efkes by him en praet effen mei him.

Dan meitsje wy it s sa maklik mooglik. Elk twa stuollen en in oerjas, dat is s bd. Ik fyn noch in jas. Dy brk ik as holkjessen. Fuort by my leit Durk, oan e oare kant de tafel Auke. Op e groun leit it stoflik oerskot fan Bouke en drnjonken leit Tsjalling. Eart wy s deljowe sizze wy tsjin Tsjalling dat er s, as wy him helpe kinne, fuort warskgje moat. Hy hoecht nou neat seit er en hy fielt him folle better. Hy is sa bliid dat de pine fsakke is.

Dan wurdt it stil yn e keamer. Ik bisykje hwat to sliepen, mar dat wol net slagje. In bytsje szeljen, dr hldt it mei op. Ik bin wol stkwurrich, mar hieltiten komt my fan alles wer yn t sin dat ik hjoed bilibbe haw. It bd is ek net bipaeld ideael. En kld! De tosken klapperje my bytiden. Sa haw ik in set lein to klmjen en to prakkesearjen, as Tsjalling wer wekker wurdt en om hwat wetter freget. Durk hat efkes slge, mar is ek fuort by de wurken om to helpen. Wy jowe Tsjalling hwat drinken. Hy hat goed tekkens oer, dat hy hat alhiel gjin lst fan e kjeld. It is him earder to hyt. Hy is hwat koartsich fornimme wy wol. Krekt lizze wy wer san bytsje as Tsjalling s wer brke moat. Hy is hwat mislik. Wy doarre him nou ek net folle wetter mear to jaen. Mar de mle is him sa droech. Wy meitsje dan syn lippen wiet en jowe him in pear drippen wetter. Hy is goed by en fortelt s hoet it om en ta gyng doet hja sketten waerden. Wy sizze dat it better foar him is, as er him net al to drok makket, mar hy wol mei s prate en seit dat er him folle better fielt nou. Pine hat er ek hast net mear.

Syn forhael is likernch sa: Om in re as tsien sjogge Tsjalling en Bouke, dyt by de homeije op wacht steane, dat der hwat oankomt. Hwat it is, kinne hja net sjen. As it tichter by komt, docht it bliken dat it in kloftsje dtskers is. Oan elke kant fan e wei trije op e fyts. Der efteroan komt stadich in auto mei soldaten. Tsjalling is fuortdalik nei efteren flein om Wim to warskgjen en to freegjen hwat hja moatte. Wim jowt opdracht dat de wachten har eftert halde moatte. Tsjalling sil wer nei Bouke ta. Mar dan heart er sjitten. Hy fljocht der hinne, syn stengun klear. Dan sil er sjitte, mar yn e haest docht er it grif net alhiel goed. Dat it skot giet net f. Hy sil it oerdwaen, mar al wer wurdt der sketten en hy fielt dat er rekke is. In pear jonges fan Hurdegaryp binne ek krekt by Oostenbrug. Ien hat him yn e droege sleat by de hutte falle litten. Hy lkt Tsjalling, dyt tichte by him tsjin e groun slacht, nei him ta, ek yn e sleat. As Wim en de oaren bten komme, binne de fijannen al fuort. Bouke fine hja by de homeije; Tsjalling helje hja t e jiskesleat. Wibe fan t Swartkrs, dyt krekt op e singel njonken de pleats wie, hat noch in kear as hwat sketten, mar de fstn wie to great om sa yn skimerjoun goed to mikken.

As Tsjalling s sa de tadracht fan it nk forhelle hat, bigjint er oer syn soarch dat er faeks in skoft net arbeidzje kin. Hoe sil it dan mei syn hshlding komme: hy hat ek fjouwer lytse bern. Wy prate him syn noeden sa goed mooglik t e holle. Dr sil wol fear soarge wurde, sizze wy. Ek al soe it net alhiel wze lyk as wy him fearhlde, wy moatte him dizze soarch ommers wol bisykje of to nimmen.

It is in lang petear dat wy dizze nacht mei Tsjalling hawwe: oer de materile, mar ek oer geastlike dingen. Tsjalling freget him f: Hoefolle soene strak, doet Bouke hjir op e dea lei to wachtsjen, yn alle stilte in bea fear him opstjrd hawwe? Der hawwe guon west dyt dat wol dien hawwe en ien drfan is Tsjalling. Al hoen pine as er sels ek hie, der wie in gebet yn syn herte fear syn maet drnjonken him.

Hy hat it allegearre sa djip meifield. Hoe kin it ek oars; hy is net sa mar domdryst dizze striid mei oangien. Hy hat it swier hawn doet er syn hshlding efterliet. Hy wist dat er him yn in great gefaer bijoech, mar hy koe net oars. Hy moast meihelpe oan e bifrijing fan s ln. Hy is der wis fan dat er net oars as syn plicht dien hat.

nder de petearen ha wy Tsjalling sa nou en dan mei it ien en oar holpen. Hy sjocht op t lest tige nei de moarn t. Dan sil der faeks help daegje. Om in re as healwei seizen, tink, komt de koerierster wer yn e keamer. Hja hat noch in pear rkes slept. As it hwat ljochter wurdt, dogge wy it lampke t en de gerdinen iepen.

De koerierster en ik sille krekt togearre nei it Pompstation as de arbeider fan Oostenbrug der oan komt om to melken. Hy sleept in fyts mei, dyt er oan e wei foun hat. It iene tsjel is alhiel forbgd. In oantinken oan e karavaen, dyt fannacht foarby gien is.

By de homeije sjoch ik ris oft ik Bouke syn gewear, dat wei is, ek fine kin. It leit noch yn e sleatskant, fuort by de daem.

As wy tichte by it Pompstation binne, fine wy noch in fyts, ek mei in forinnewearre tsjel. Fansels binne der yn t tsjuster in pear yninoar rekke en oer de kop stoud. Ik tgje him mar mei nei it Pompstation. Efter de greate izeren hikke steane in pear man op wacht. De kaei wurdt helle en wy kinne der yn. Dan hearre wy hoet hja fannacht hjir ek yn greate spanning forkeard hawwe doet de kolonne stean bleau; in diel drfan krekt by harren. Wie t it doel fan e dtskers it Wettergebou yn e loft fleane to litten? Dat foar to kommen wie krekt de taek fan dizze NBS-groep. De flechtsjende fijn stie rounom fuort r om allerhanne vitale gebouwen en wurken to fornielen. As it har slagje soe it Pompstation nder hannen to nimmen, soe de wetterfoarsjenning fan in great part fan Frysln forsteurd wze. Ien fan e NBS-ers lei mei de brenn (in lichte mitrailleur) foar t gebou. Doet de poepen sa tichte by stean bleauwen, tocht er: Ik mei my wol hwat better dekke. Fuort by is in muorke. Dr mar efter. Mar yn t tsjuster rekket er to fallen. De brenn kletst op e tegels. In stik lawaei fansels. Hja moatte it op e wei wol heard hawwe. Us maet tinkt: Gau sjen hjir wei to kommen eart hja bigjinne to sjitten. Hy sil troch de beamkes om it gebou hinne slpe. Dr stiet in oare wachtpost. Dy ropt: ,,Wachtwurd! as er ynienen ien t de strken weirgeljen sjocht. De oare is lykwols al hast oan him ta as er: ,,Juliana ropt. Mar dat is al to let. De wacht hat al sketten. Of n, sketten hat er net: hy hat wol de hoanne oerhelle, mar, o! wnder, de sten wegert. In klik, mar gjin skot. It is nbegryplik, dat it wapen krekt op dit stuit net wol. Dat sawol de sjitter as dyjinge, dyt sa wnderbaerlik op it kantsje ntkaem is, noch hwat fan e wize is docht s gjin nij. Net allinne dat it neat skeeld hat of de iene maet hie de oare deasketten, mar dit hie fan gefolgen west dat de dtskers mei har greate oermacht alarmeard wiene.

Dat ek foar de ploech op it Pompstation wie it in opluchting doet de saek wer bigoun to rljen. Drnei hearden hja de kloft fytsen foarby kommen. In pear rgelen mei gns kabael oer de dyk.

As wy forslach tbrocht hawwe fan e sitewaesje op e pleats hyt Wim my nei Oostenbrug to gean en alles hwat der op e weinen fan e Lanwacht is op to skriuwen en to soargjen dat dy weinen yn it lytse skuorke efter t slot komme. Holpen troch Durk doch ik dat. Wy fine hiel hwat op e weinen: klean, iten, tekkens, in ledekant, in lnwachtunifoarm, en neam mar op: alles hwat in flechtsjende hshlding mar meinimme kin.

As dit birdden is sjoch ik ris wer by Tsjalling. Hy liket s lang sa goed net ta as fannacht. Oostenbrug, Auke en ik drage Tsjalling nei de sliepkeamer, drt wy him op bed lizze. Wy dogge in tekken oer him hinne, dat allinne it oantlit to sjen is. De gerdienen slte wy. Dan geane wy stil wer fuort.

As ik wer op it Pompstation kom stjrt Wim my mei in pear brieven nei Quatrebras en Burgum. Hast oan Quatrebras ta wurd ik warskoge dat der wer in auto mei dtskers is. Earst bin ik fan doel myn bn fan e earm to dwaen en troch to fytsen. Mar as hja my ris oanhlde om myn dtske fyts en de brieven fine, kinne de gefolgen slim wze. Drom gean ik mar efkes by Klompstra yn e winkel. Drwei kin ik de auto san bytsje yn t each hlde. Dy stiet efkes op e hoeke, krekt as witte de ynsittenden net rjocht hwat hja sille. Hja freegje in pear minsken hwat en ride dan stadich dat nei Burgum t. Ik stjr in jonge mei dit nijs nei it Pompstation omt ik forwachtsje dat der mear komme. Sels gean ik in eintsje werom en dan de singel njonken Oostenbrugs del nei de Simmerdyk. Sa nei Hsterheide. Dr sjoch ik wer nei de auto t. Dy is net trochgien nei Burgum, hear ik, mar wer werom nei Quatrebras. Dan ik mar gau nei Burgum. Dr bring ik de boadskippen oer. Oan de Gemeentlik Operaesjelieder doch ik forslach fan hwat der dizze nacht bard is. Ik fortel him ek fan de auto mei poepen dyt sa krekt dit t soe. Op ien brief moat ik andert hawwe. Op it pelysjeburo yn it gemeentehs wachtsje ik. Dr sit in hiele ploech NBS-ers. Hja hawwe ek hiel hwat nijs. Der binne in stikmannich Trynwldsters by. Hja hawwe ek hiel hwat meimakke. Yn Ryptsjerk, fortelle hja, binne fannacht san trije hndert poepen oankaem. Dat sille dan deselden wol west hawwe dyt s foarby gien binne. Ek hear ik hjir dat de brge op Burgumerdaem al wer sahwat biriidber makke is. Planken foar in helpbrge hiene al klear lein yn in keet fuort by. Nou is dr san soarte fan skipbrge fan makke. Op forskate plakken binne se al drok dwaende N.S.B.-ers en sa op to heljen. Der sitte al hiel hwat yn e skoalle to Burgum. Ek al in stikmannich dtskers. Hjir yn Burgum hawwe hja in skip fol oalje btmakke. Justerjoun soene hja dr earst al op ta, mar omt it nacht wie waerd dat tsteld. Nou fan e moarn binne der in man as toalve op f gien. Har forskljend efter de diken skeaten hja in pear kear oer it skip. Doe waerd der ek fan it skip sketten. It duorre lykwols net lang as de kommandant kaem foar t ljocht en stiek de wite flage op. Hy woe him wol oerjaen. It skip fol oalje is fansels tige wolkom. In man as hwat hawwe it nei de Daem fearn. De oaren hawwe de Kriegsmarinebimanning meinaem.

Neit ik in bakje kofje en in brogge fan e koncierge krige en lekker opdronken en bipluze haw, is it andert op myn brief r en kin ik war op stap gean.

Wer op s post oankaem hear ik hoet it gien is mei de dtske auto dyt ik op Quatrebras sjoen haw. Doet de poepen, dyt dr yn sieten, it net fortrouden om nei Burgum to riden, gyngen hja werom nei de fjouwersprong en soene doe mar de kant t nei Grins. Mar op it Pompstation hiene se tynge krige dat dy auto op Quatrebras wie en gau is der in ploech op f gien. Sahwat by Oostenbrugs kaem de auto har al yn e mjitte. Hurd yn e wl. Halt! en tagelyk floite der al in kgel by de hollen lns fan de soldaten dyt efter op e auto stiene. Hja hawwe it blykber net mear oandoarst om to bisykjen fuort to kommen, hwant fuortendaliks is de wein stean bleaun. Seis man kamen der t; der wie sels ien by mei in houten skonk. Hja hawwe har fuort oerjown en de wapens - nder mear in prima automatysk pistoal - en it weintsje binne s oarlochsbt wurden. De mannen binne al nei Burgum brocht.

It binne wol fremde dagen dyt wy bilibje. It iene eagenblik is der hwat drt men bliid mei is, it oare jowt jin drvenis. Hwant efkes letter is der it birjocht dat Tsjalling, dyt nei it needsikenhs yn Burgum brocht is, weinaem is. Ek hy brocht it heechste offer. Syn frou bliuwt mei fjouwer berntsjes efter.

Mar dit wnderbaerlike libben giet fierder en freget syn rjochten. Binne wy op wei nei de mentaliteit fan de frontsoldaet?

Fuort letter sitte wy oan it waerm miel. Us kok, bakker Rein, hat in hantsjettel fol iten brocht. It is wol hwat tige slt, mar it falt ek net ta om dat fuort goed to roaijen as men foar safolle iten siede moat. Us ytseal is de wurkpleats nder yn it Pompstation. Ik haw gjin board en gjin leppel en foarke, mar men moat hjir net to krekt sjen wurdt my foarhlden. Dr hld ik my dan mar oan. Itersark skoai ik byinoar en dan yt ik mei in maet t ien board.

Nei iten ha wy net folle to dwaen. Hjir en dr leit ien yn it grs to slgjen. De hiele nacht hat gjin ien in wink yn e eagen hawn. It is sok kostlik waer dat men nou best hwat btendoar lizze kin. Suver simmer is it.

Sa nou en dan moat ik noch in boadskipke dwaen. Dan ris dit en dan ris dat. Der is safolle to bioarderjen en mei de telefoan kin men ek noch neat wurde.

Yn e rin fan e middei komt Wim mei in forrassing. Yn in moaije forpakking blykt hiel hwat to sitten dat wol smakket. It binne de needrantsoenen dyt ek by Oostenbrugs under de flier sieten. Trijerisom moatte wy in pakje partsje. Der komt fan alles t; dingen, dyt wy yn gjin jierren sjoen hawwe, lit stean fan preaun: skelarje, suertsjes, biskwies, yninoarparse fruchten, tabletten drt men troch der hyt wetter op to jitten kofje, chte kofje, fan kriget, kaugom ensfh. Ik moat nei Oostenbrugs ta, drt twa man sitte mei hwat ik partsje moat. Dr fyn ik de boel gns opknapt. De keamer is himmele en opret, tafel en stuollen steane wer to plak. Twa man sitte by de tafel. Hja hlde de deadewacht by Bouke, dyt yn e sliepkeamer leit. Efkes sjoch ik dr. Hy leit dr nou sa rstich. Fan e moarn is er hjir opbiere. Dan gean ik wer nei de beide jonges ta: Harm de Vries en noch ien. Wy partsje s pakket. Drnei gean ik werom nei it Pompstation. Twa man steane dr nou foare hieltiten op wacht. Ien rint efter it gebou om. Om e twa ren wurde de trije wachten flost. Op e hoeken fan e wegen binne buorden oanspikere, drt op stiet dat de greate wegen sluten binne foar it boargerforkear. Boppedat moat elts dyt fierder as 6 km reizgje wol in pompierke ha. De wachten foar it Pompstation moatte kontrolearje oft it wol yn oarder is. Mar wy witte sels suver net ienris hoet it krekt sit. It is allegearre noch frijhwat rommelich.

Foarskniften krije wy net. Allinne hwat oanplakt stiet kinne wy soms ris hwat fan gewaer wurde. Sa bart it wol dat de minsken dyt oanhlden wurde, der mear fan witte as wy sels. Ik stean in setsje by de jonges dyt nou de wacht hawwe. De hiele middei wurdt it stadichoan drokker mei Kanadeeske tanks en autos. Snt justermiddei hiene wy gjin wer sjoen. Dy earsten binne nei Dokkurn gien. Dizzen geane nei Ljouwert.

Yn e wurkpleats fan it Pompstation hawwe wy sahwat s wachtlokael. Ik bin dr noch mar krekt as Wim foar de telefoan roppen wurdt. Efkes letter komt er werom en fornijt s dat t Ikkerwld assistinsje frege is. Ik moat nou nei Hurdegaryp om Kees, dyt op e Hoek wennet, to warskgjen dat er mei de auto komme moat. Sa gau as t kin gean ik op stap. Yn e buorren yn Hurdegaryp is it allegearre minsken. Ik doch it my net oan tiid om by s ths oan. Der sil nammers nou dochs ek wol net ien ths wze. De buorlju steane by de wei. Ik stek de hn op tsjin har en hja wiuwe werom. Sawn, acht moanne hawwe wy inoar net sjoen. Nou riid ik wer iepenlik en frij troch it folk en ek noch wol mei in NBS-bn om. Op e hoeke by hotel Braam stiet ek hiel hwat folk to sjen nei hwat der lns komt. Ik sjoch der ek inkelden tusken dyt al hwat wyt om e noas binne: in lid fan de NSB, ien dyt altyd tige pro-dtsk west hat en sa mear dyt net alhiel skjin op e lea binne. Hja steane ek to sjen mar sjogge de tanks faeks wol mei hwat oare eagen as wy. Ik swaei de Simmerdyk op. Al ridlik gau bin ik nou op e Hoek. Kees is net thus en de arbeider wit net hwrt er is, seit er. Dat liket net sa bst. Ik sil krekt wer fuort as de boer der oan komt mei in blik benzine efterop e fyts. Hy wie al dwaende om de boel r to meitsjen foar it gefal de auto brkt wurde moat. Ik gean efkes yn e hs om hwat drinken. ,,Net al to ld, hear! seit de boer tsjin my. It is ommers ek sa, hjir boppe my sit de man, dyt him boargemaster fan Tytsjerksteradiel neame liet. Der is mar in inkelden ien dyt wit dat er hjir sit. Justerjoun bin ik it gewaer wurden. De rollen binne nou wol hwat omkeard. Ik wie noch net in dei under wetter of mei troch syn tadwaen wiene der al acht man om s hs troch to sykjen. Nou sil hy aenst wol ophelle wurde mei de NSB-gemeentesektaris dyt er koartlyn hjir hinne helle hat en dyt nou mei him op e souder by Kees nderdkt is.

De auto wurdt t e garage helle, mar it is in greate toer om him oan t rinnen to krijen. De fjouwer jier under it strie binne him net alhiel yn e klean sitten bleaun. Dan ynienen slacht de motor oan, mar krekt fierder is it al wer mis. Ik gean dan alfst op e fyts foart om by Anne Bosma to sizzen dat er efkes in reservebn klear set. As ik dr in skoftsje wachte haw komt de auto der oan. Hjir wurdt de motor noch efkes neisjoen en it reservetsjel komt efterop. Dan geane wy. Ik hingje ta t rt t om myn fyts mei to tgjen. It docht nou bliken dat de wein noch wol ride wol. It hier stout my hast fan e holle. Yn in omsjoch binne wy op Noardburgum. Dr stiet Wibe ek aI r mei it weintsje dat btmakke is. Dan is it wachtsjen op e opdracht: fuortgean!

In pear tanks bliuwe stean. Wy moatte de mannen tlizze hwrt Ikkerwld en Birdaerd lizze. Dr sitte san 300 SS-mannen wurdt der grute. In stik as hwat fan zes wolle der wol graech op los. Theo, s marinier, leit al efter op in oare tank mei syn brenn as wy mei do mannen fan e foarste prate. Hy wol perfoarst op e poepen f en is mar hwat noartsk as er, as hja al ride, der wer fkomme moat. Dan komt der t Burgum in tsjinbifel, dat der gjinien fan s seksje hinne mei. Wy geane mar wer nei t Pompstation.

Net sa lang duorret it, dan komt s kok al wer mei stikken iten. Nei iten giet der in patrouille op stap nei Hurdegaryp ta. It is al aerdich let as dy wer werom komt. De mannen sitte wer fol forhalen. Guon fan harren hiene krekt by hotel Braam west, doet dr in auto oankaem mei Tytsjerksters, dyt seine dat hja Frijling, de boargemaster, ophelje moasten, mar hja wisten net hwert er siet. Pyt, ien fan s mannen, lykwols hearde by de inkelden, dyt dat wol wisten. Dus meiinoar nei de Hoek, nei de pleats fan Kees. De auto bleau by Braam stean. Doet fuort letter it ploechje NBS-ers mei de boargemaster en ek noch de tydlike gemeentesiktaris, Keuker, in NSB-er t Limboarch, de Simmerdyk (letter Burg. Drijberweg) twei kaem, wie t fansels sa mar in hiele optocht. Op e hoeke by Braam rekken hja yn e auto.

Wol hwat in nuver nderdkersplak hiene dizze twa mannen tsocht: by in lid fan e NBS. Lykwols it sil ek wol mear it doel west hawwe om to foaren to kommen dat hja slachtoffer fan in nrjochtlike en nuodlike folkswoede wurde, as dat hja de hope hawwe har straffe to ntrinnen. Dat se de mentaliteit fan e minsken dan net sa min taksearre hiene die wol bliken doet de BS-ers suver de hannen fol hiene om it folk of to hlden fan e beide magistraten.

Mei niget harkje wy nei dit yn geuren en kleuren fortelde forhael.

It is sahwat tsjuster as der tynge komt, dat der yn Hurdegaryp efter de spoarbaen in keppel (ik leau, dat der sein waerd fan wol san hnderttweintich) lnwachten tahlde, dyt har net oerjaen wolle. Yn t Btenfjild by Feanwlden is ek al de hiele joun sketten. Ien pleats baernde dr strak al, ha wy wol sjoen. Der wurdt grute, it moat dy fan in NSB-boer wze, dyt lnwachten of sahwathinne forstoppe hie.

De mobile brigade Hurdegaryp sil der nou op t. It sil net ta falle mei san lyts ploechje dr by nacht hwat t to rjochtsjen. Mar net ienris sa lang duorret it, dan binne se der al wer. Der wie by Hurdegaryp neat to finen. De minsken binne troch de spanning fan dizze dagen ek wol in bytsje spoeksjoggerich wurden. Gauris komt der ien om to warskgjen foar gefaren dyt alhielendal net (of alteast allinne mar yn e ynbylding fan e minsken) bisteane.

In pear man binne al nei boppen, drt s sliepseal wze sil. Ik bin ek wol in bytsje slch sa stadichoan, mar ik gean dochs noch net op bed omt nou krekt de forhalen los komme. Dingen, drt men sa lang oer swije moast en dyt jin dochs sa heech sieten, komme nou op e lappen. Wim en Romke fortelle fan it forfier fan e wapens. Hoet hja soms yn noed sieten en soms ek wolris wille hiene. Dy iens kears bygelyks doet de poepen har rnsels op e wein mei ierdappels smieten en de fuorman drom trochride rnoast nei Feanwlden. Hwat hiet in opluchting west dat de poepen, dyt sels derby bleauwen (guon hiene sels op e wein west), net fornamen dat der wapens nder de ierdappels sieten. Dan wie dy man t Trynwlden snoader; dy hie der mar rge dong oersmiten. Dr soene de poepen wol net op sitten gean en dat foarderen se ek net, hwat mei de ierdappels ek noch faei wie. Ek moai wie dat fan dy pream mei wapens, dyt de mar oer fear efter in sleepboat fan e fijn oan. Dr by de Burgumer Mar hie him trouwens wol mear fspile. Yn it simmerhske by Eastermar joech nammentlik ek in Ingelske offisier (Wolf hiet er, ek wol koning en wolris Prins) les oan e seksje- en letter ek oan e groepskommandanten. Hy hie de Ingelske nasjonaliteit mar hy wie yn Grins berne. Hiel hwat hieder al meimakke sa foar en nei. Hy hie ndermear yn Birma oan it front west. Nou wieder mei in parasjute dellitten yn s ln om op nderskate plakken yn Frysln de lju, dyt hjir stride soene, to ynstruearjen.

Sa komt de iene mei dit, de oare mei dat oansetten. Ik fortel sels hwat fan de knoeijerijen mei persoansbiwizen, distribsje-stamkaerten ensafuorthinne. Der is fansels mar in inkelden ien dyt wit dat der by it tjaen fan e nije stamkaerten, dyt sekuer forantwurde wurde moasten, troch in mannich goedtrochtochte manipulaesjes yn Tytsjerksteradiel 180 efterhlden wurden koene. Sadwaende wiene der eltse perioade 180 bonkaerten oer. Eltse nderdker dyt gjin bonkaert hie koe op dizze wize holpen wurde. Meit ek yn forskate oare gemeenten yn Fryslan itselde barde, hiene de lste tiid gjin oerfallen op distribsjekantoaren mear nedich west. Ek de oerfal op it gemeentehs yn Burgum wie in tankber nderwerp. Dat alles sa goed forroun wie, wie foaral to tankjen oan ien fan e amptners, dyt foartiid alle ynljochtings en sels plattegrountekeningen drfoar levere hie. In wnder wie t dat de SD doe net ien of mear minsken oppakt hat. Hja fortrouden it spul oars lang net, hie wol bliken dien.

As fansels komt ek de namme fan e eardere lieder fan e geheime organisaesje yn Tytsjerksteradiel, Navis t Burgum, op it aljemint. Men kin ommers neat fan al dy dingen fortelle of syn namme moat yn dat forbn neamd wurde. Yn oktober 44 waerd er yn Putten op e Feluwe, drt er nderdkt wie, lyk as alle mnlju fan dat doarp, oppakt en nei Dtsln brocht. Letter is der in tillefoanbirjocht kaem dat er yn in konsintraesjekamp omkaem is. Hoe faek haw ik fan t winter net oan him tinke moatten: Hoe soet mei him wze? Soeder noch yn libben wze? En dan stiet er wer foar my, dy sneintomoarns yn juny-july, kalm en rstich, mei it boadskip: ,,Ik fordwyn. Bring efkes birjocht nei de kontaktpunten yn Hurdegaryp, Trynwlden en Noardburgum dat ik fuort moat en dat De Vries myn opfolger is. Doe haw ik fskie fan him naem by s yn e foarkeamer. Syn soan stie bten op him to wachtsjen en togearre rieden se dat nei Ljouwert t. Ik tink oan dat alles as fansels as wy prate oer yllegael wurk. Hy wie de baes en mei greate earbied siI elts, dyt mei him dit moaije mar gefaerlike wurk dien hat, oan him tinke. As ik my dan realisearje dat hy miskien nea wer komme sil, dizze man mei sokke rike liedersjeften, dan kin it net oars as ik wurd der stil fan en dan gean ik nei boppen, nei s sliepseal.

Noch mar in pear lizze al. It slagget my fan de iene of oare in tekken to lienen. Myn jaske lk ik t en dat brk ik as holkjessen. Goed yn e tekken biwuolle bisykje ik to sliepen. Dat wol lykwols net sa bst op e stienhurde flier. Boppedat wurde der om e twa ren trije man wekke foar de wacht. Fuort letter komme dan de floste wachten wer. As men krekt san bytsje de sliep to pakken hat, is dat allegearre wol hwat hinderlik. Der wurdt wol sa folle leven makke, dat de measten wer wekker binne.

Op t lst freget de natr dochs har rjochten; wy hawwe in bult warber west de lste dagen en suver gjin sliep hawn, dat nettsjinsteande alle ngeriif rekket elts ton lsten yn in djippe rest. Gauwer as s leaf is komme hja al wer om s to wekjen. It is dus nou:


moandei 16 april.

Ik moat fuort op en paed om ris by de skearbaes to sjen, oft dy fan e middei ek komme kin. Der binne guon fan uzes, dyt mar hwat in banditerich uterlik bigjinne to krijen en nedich it mes ris oer t kin ha moatte. As ik by Rinsemas kom, sit de doar dr noch fst. De baes is der lykwols krekt f en heart my oan e doar ratteljen. Wy prate f, hy sil fan e middei komme to knippen en to skearen.

Underweis wurdt my trochdien dat der justerjoun yn e bosk ljochtkgels fsketten binne. Dus der moatte noch altiten poepen sitte. Op it Pompstation witte se der ek al fan, as ik dr wer kom. In patrouille siet krekt klear om fuort. Der is nammentlik ek meld dat minsken op it Swartkrs, dyt as NSB-ers bikend steane, de dtskers oan iten en sa helpe, ja har faeks wol forstoppe hawwe yn of by har hs. Der wurdt my hiten om ek mei to gean. Jaep en syn mannen marsjeare de strjitwei t; ik op e fyts dernjonken. De bosk rjochts fan e wei wurdt goed yn it each hlden. As wy ticht oan t Swartkrs ta binne, gean ik foart om de saek ris hwat to forkennen. Hoeden fyts ik dat t. As ik in pear minsken, dyt my as wol bitroud bikend binne, foar hs stean sjoch, freegje ik dy, oft hja fannacht ek hwat fornaem ha. N, neat sjoen of heard. Dan mar fierder. Op e brge bliuw ik stean. It is allegearre wol hwat nuodlik; faeks bin ik ek wol hwat al to dryst tink ik by my sels.

Hjir fyts ik yn in NBS-overall snder wapen, wylst it bst mooglik is, dat de poepen tichte by binne. Dan gean ik werom, foarsichtich it hs, drt de fortochte minsken wenje, yn it each hldend. De patrouille is dr nou krekt oan ta. Ik kin, nout ik fan e oare kant kom, yn e gaten hlde dat der dr net ien tnaeit. Der is lykwols neat bysnders to sjen en yn in omsjoch is it hs omsingele. Ien man leit mei de brenn klear om op to passen. Twa man stappe op e doar ta en geane deryn. It docht bliken dat der neat to finen is. In pear fan e biwenners moatte lykwols mar efkes mei foar in forhoar. Krekt as wy wer fuort sille, komme der noch in stik as fiif fan s mannen oanfytsen. Myn taek is hjir nou einliken wol froun. It is nou ek net it aldermoaiste wurk om in pear minsken mei op to bringen. Dat ik gean mei it krekt oankommen ploechje mei de wei efter de bosk t. Wy fornimme neat mear yn e bosk. As wy earst ris in blokje omriden binne, geane wy by Pier Kramer op Noardburgum de reed op. De fytsen sette wy dr del. Dan foarsichtich fierder dat t nei de barakken dyt de dtskers dr boud hawwe. In eintsje drof geane wy plat yn in groppe lizzen. Forskate kearen wurdt der nou om en oer de barakken sketten. Alles bliuwt gelyk. Dan rinne der in pear man op ta. De oaren bliuwe lizzen, op har iepenst, gewear of sten yn e oanslach. Mar der bart neat. Wy geane dan ek oerein om ris yn de barakken to sjen. In wnder, sa moai as alles ynrjochte is: sliepkeamers, wenkeamer, koken, in hok om rommel yn op to bergjen, allegearre fan bst materiael. In greate hardershoun strnt der by om. Hy moat noch al falsk wze, wit ien fan s maten. It skynt dat er nou dochs wol hwat nder de yndruk is dat syn bazen, it ,,Herrenvolk, sa hastich fuort rekke binne, hwant hy krpt wei nder de tafel. In stik fan in koekje, dat ik fyn en him jow, wol er net ienris ha. Dan pak ik him by de halsbn en nim him mei. As wy alles bisjoen ha geane wy werom, hwat fan de moaiste fynsten meinimmend. Ik sjou in helm, in boek mei platen, hwat ljochtkgels en in pear moaije portretten fan de Fhrer en noch in hege miter mei. De houn giet ek mei fansels. Dat bist kin dr net allinne bliuwe. Kramer ntfermt him oer it earme dier.

Mei s bt ride wy wer nei it Pompstation. De foto fan Hitler hawwe de minsken tige de gek mei fansels. ,,Wy ha m al! Ja, wie it mar wier, dan bleau der net folle fan him oer! En sa leit it wol sahwat: minsken, dyt gjin hin de nekke om draeije kinne, soene ta in grouwelike moard by steat wze as hja dy man yn e hannen krigen. As wy op it Pompstation werom binne, toane wy s bt en bringe wy forslach t fan s tocht.

In stikmannich boadskippen wachtsje my al wer. Efkes nei Quatrebras, nei de kaserne. Dr dielt master de lekkens t. Hy is kommandant fan e Oardertsjinst op Noardburgum. Ek Auke, Durk, Sape en Hindrik en sa binne hjir gauris to finen. Ik bring myn boadskip oer. Dan myn oare opdracht fdwaen. Ik moat om in moter t. In jongfeint op e Swette hat san ding goed en wol de oarloch trochkrige en hy wol wol mei my ride. Us kommandant achtet it tige fan bilang dat wy foar de fierste reizen en foar dy drt haest by is, drfan gebrk meitsje. As ik by de eigener fan it fhikel kom, duorret it net mlle lang of wy meitsje al in proefritsje. It giet bst.

Wy prate of hy sil fuort nei iten komme. As er dan lykwols goed op e tiid der is, biteart it oars. Der is krekt birjocht kaem dat der gjin ien mear yn hwat forbn ek by de NBS oannaem wurde mei. De moter kinne wy lykwols net best misse, dat dy wurd foardere en Piter, dyt al lid is fan it net-stridend part fan e BS, wurdt s moterrider. Mei gauwens moatte wy togearre op stap. De seksjekommandant hat my in stikmannich opdrachten jown. Earst ride wy nei de kaserne om benzine. Ik stean dr noch foar hs, as ik ynenen roppen hear: ,,Dtskers! en op e hoeke sjoch ik in auto hlden. It wol my net rjocht oan. It sille wol Kanadezen of NBS-ers wze. Mar as ik better tasjoch, liket it der dochs in bulte op dat de roppers gelyk hawwe. Soene se hjir hinne komme? Mar n, hja ride al wer, de kant t nei Ljouwert.

As wy r binne starte wy foar s reis nei Burgum. Foarsichtich passearje wy it krspunt. Der koene nochris mear fan sokke autos oankomme. Der wurdt s dr forteld dat der niis ek sketten is dat nei Noardburgum oer.

Yn Burgum bring ik de birjochten oer dyt my meijown binne. Ik fortel de GEMOL ek fan de poepen dyt krekt oer Quatrebras kaem binne. Hy seit, hy sil der aenst fuort efkes hinne.

Dan geane wy werom.

Ticht oan Quatrebras ta sjogge wy op e Ryksstrjitwei tanks of sa stean. Stadich ride wy troch. Op e trplanke fan in tank stiet s koerierster drok to praten mei de Kanadezen. De kaert ha se der by sjoch ik wol. As hja s yn e gaten krijt winkt hja. De moffen ha Harm de Vries deasketten, seit se. It is as gean ik troch de groun. Ik hear it wol, mar ik kin it sa gau hast net fetsje. En dan fortelt se yn in pear wurden hwat der bard is. In forhael, dat my razend makket. Dy smoarge rotmoffen!

In auto kaem der oanriden mei Oranje foarop, fan e Grinzer kant. Harm stekt de hn op om de ynsittenden to groetsjen. Pang, pang! is t en Harm leit mei in kgel troch it herte op e wei by de hikke fan it Pompstation, drt er op wacht stie. It hat deselde auto west, dyt wy hjir op e hoeke sjoen ha. Fan s kleuren gebrk meitsjend bisykje hja to ntkommen. Hja sjitte immen del dyt gjin kwea tsjin har yn t sin hat. De juffer hat de mannen fan e tank op e hichte brocht mei hwat der foarfalIen is. Togearre wize wy de wegen nou oan, dyt de auto lns gien wze kin. Nei Ljouwert kin net mear: dr komme se dochs net trochhinne. Nei Tytsjerk en Suwld leit ek net foar de han. Dan bliuwt oer: de wei troch Trynwlden en dan sa oer Birdaerd de klaei oer dat nei Harns t, drt noch tzenen dtskers sitte moatte. Krekt ha wy it harren hwat foart forstn brocht as der in ordonnans fan Dokkum op e moter oankomt en fornijt dat de dieders yn Oentsjerk snapt binne. Hy riidt ek fuort wer fierder. Mar dit is prachtich. Lit de tanks dan mar gau wer gean.

Hurd gean ik wer by Piter op e moter sitten en wy ride nei it Pompstation. By de yngong stiet Wim mei de GEMOL, dyt krekt ek op in moter oankaem is, to praten. Ik meld harren hwat ik krekt heard haw. De GEMOL jowt opdracht dat wy nei Oentsjerk ride moatte om to sizzen dat de poepen nei Noardburgum brocht wurde moatte. Ik gean noch efkes it hiem fan it Pompstation op, drt Harm op in draechbier leit. Dr leit s tredde maet, kld en wyt, sa nforwachts troch de dea weiskuord. Doet dyjingen, dyt it tichtst by him wiene, op it sjitten oanrinnen kamen, wie it aI dien mei him. Krekt hied er noch mei ien sitten to praten. ,,Nou, ik moat mar op wacht, wie mei fan it lste hwat er sei. Hy loste syn broer Wibe f en doe fuortdalik kamen dy autos der oan: earst in lytsen en doe in frachtauto. De poepen hiene ek noch sketten op Ridzert, dyt krekt de foardoar fan it Pompstation tstapte. It earste skot wie mis. Doe liet Ridzert him fuort falle efter it muorke en de skoaten koene him net mear reitsje.

Piter en ik geane nou op stap nei Oentsjerk. Wy binne yn Hurdegaryp as Klaes en noch in man as hwat, dyt op patrouille west ha, s yn e mjitte komme. Wy stopje efkes en freegje oft hja ek witte hwert dy auto krekt pakt is. Mar ta us greate toloarstelling fornije hja s nou wer dat de skurken alhielendal net snapt binne. Hja hawwe sapas mei de GECO (Gemeentlike Kommandant) praet en dy wie yn e auto oan e oare kant Aldtsjerk de twa autos fan e poepen noch tsjinkaem. Dus dochs noch mis. Wy kinne se mei s licht moterke nmoogIik mear ynhelje. Drom sille wy nou mar werom. Dr komme wer tanks oanriden. Wy hlde se oan en it docht bliken, dat it deselden fan niiskrekt op Quatrebras binne. Hja hawwe dr sa lang stien. Ik fortel de mannen dat de moardners fan strak dochs net pakt binne. Hja kinne der sels net efteroan, mar sille it oer de radio al efkes trochjaen.

Dan ik wer op e duo by Piter. Gau binne wy wer op Quatrebras. Ik haw nderweis myn plan makke. Men moat, nout de situaesje hieltiten wer oars is as men miende, nou ienris wol hwat op eigen initiatyf hannelje. Op e kaserne bisykje ik Dokkum to skiljen. De tillefoan is lykwols noch net yn oarder: ik kin gjin forbining krije. Dan mar op e moter hinne. Wachtmaster De Jong wol wol op e swiere moter mei my hinne. Hurdop giet it op Dokkum ta. Ik waei der suver f by tiden. Mei de lofter hn haw ik my fst, mei de rjochter hn hld ik de karabyn, dyt ik oer it skouder haw, beet. Ik kypje ris oer De Jong syn skouder hinne nei de kilometerteller. Sawntich wiist er as wy de bochtige wei troch de Feanwldster buorren lns stouwe. Bten de buorren komt der noch in skepke oer hinne. By de Falomster brge hldt in ploech,NBS-ers s oan. Hja litte s lykwols ek fuort wer trochride as hja sjogge dat it wol yn oarder is. Ik freegje earst noch oft dr ek de biwuste auto sjoen is en warskgje harren good t to sjen omt it by s sa en sa gien is.

Op e Krswei yn Moarmwld sjoch ik De Vries, de GECO fan Dantumadiel, stean. Ek him doch ik koart it forhael. Hja siill der ek om tinke. It is dr allegearre minsken. Der moat in troep Lnwachten nderweis wze fan e Driezumer kant en dr is it wachtsjen foar de NBS dr nou op.

Nei noch in eintsje jeijen binne wy by Dokkum. Lykwols, nou krije wy maleur. De moter, dyt by it fuortgean al net rjocht oanslaen woe slacht nou f as wy by de brge stopje moatte en hoet De Jong ek bisiket, hy docht it net wer. Ik wachtsje net lang en lien op eigen rnanneboet de earste de bste fyts dyt ik stean sjoch. It docht lykwols gau bliken dat it wol de earste mar perfoarst net de bste is. It is in ld bistke op kusjebannen mei in hieltiten trochknikkende traper. Remmen sitte der net oan. En as men dan sa troch Dokkum mei al syn op en del geande strjitsjes moat op in dei dat it hiele stedtsje yn feeststimming is en der hieltiten krekt tanks oankomme dyt noch mear minsken de wei t lokje, dan falt dat net daliks ta. It is dan ek net san great wnder dat ik, as ik earne by de lichte del ryd krekt as der in hiele kliber folk yn dat selde nauwe strjitsje is, suver in slach oer de kop doch en midden yn e minsken to lnne kern. Myn karabyn ha k by dizze loop troch de std ek rnar lst fan. Noch twa kear reitsje ik nder fuotten eart ik op it Weeshs, drt de Distriktsstf setelt, bin.

Yn e gong wurdt my frege, hwat myn boadskip is. Dan wurd ik yn in keamer litten. Efkes moat ik wachtsje omt de tillefoan krekt giet. Ik sjoch ris om my hinne. In jongkeardel sit efter in buro. Hy is my bikend: it is in soan fan Van Dyk, de skuonwinkelman hjir t Dokkum, dyt koartlyn deasketten is. Yn e hoeke fan e keamer sit noch in jongeman. Ik moat him ek wol ris moete hawwe mar ik kin him net sa gau to plak bringe. Dan leit Van Dyk de hoarn del en ik kin myn forhael fortelIe. Hja sizze ta der sil soarge wurde dat de posten yn it distrikt allegearre sa folle mooglik warskge wurde. Faeks slagget it dan de poepen to snappen en yn alle gefallen kinne der dan net mear sokke slachtoffers falle as by s.

Noch efkes prate wy nei. It docht bliken dat de oare master Houtsrna fan Tytsjerk is. Hy is in Dokkumer fan kom-f. Van Dyk fortelt my jitte fan syn heit dyt kommandant fan e BS yn Dokkum wie en nou lsten fallen is. Fansels stiet de soan nou mei foaroan yn e striid tsjin har dyt syn heit ombrochten.

Mei gauwens set ik wer f. De ld fyts bring ik wer to plak. As ik by de garage kom, drt De Jong mei de moter hinne soe, docht it bliken dat hy dr net holpen wurde koe en nei in oaren ien, in ein de std yn, gien is. Nei hwat paedfreegjen kom ik to plak. De Jong stiet to wachtsjen oant de moter r wze sil. Wy geane efkes yn e winkel sitten. Dr steane in bank en in pear noflike stuollen. Oh, hwat bin ik bliid dat ik sit! Ik haw nea witten dat in bank sa noflik sitte koe. Nou fielt men it tokoart oan sliep fan e lste nachten en de wurgens fan it hieltyd mar omfleanen fan oerdei. It muoit my suver as de monteur r is. Mar dan moat it dochs mar gau wer wze.

Yn in herberch foaroan yn Dokkum drinke wy noch in gls ranje. De baes seit: ,,Drink mar gau op en der is wol mear, hear! Jild wol er perfoarst net oannimme. It docht s dochs wol goed dat men in bytsje wurdearring nderfynt. Hoe lang sil dit sa bliuwe? Nou ja, net dat hja s altiten fortarringen om e nocht jaen moatte soene. Mar sille de minsken, as it gefaer foar harren oer is, as de earste blydskip wer hwat saksearre is, ek noch ris mei tankbrens tinke, n net oan s, mar oan al dyselden dyt folle mear noch weage hawwe, dyt soms al tiden lang de swierste en gefaerlikste opdrachten tfierd hawwe en dat faek mei har libben bitelje moasten? Of sille sokken, foar hwaens wurk elts yn e bisettingsjierren earbied hie, mar dyt doe nbikend wiene, nou nei de bifrijing, as it heimsinnige waes om har hinne weiskuord is, forgetten wurde en kritisearre wurde troch guon, dyt sels net de moed hiene om hwat to dwaen? Dyjinge, dyt op tank rekkent, koe him wolris forsinne. Hy hat foar it heiteln oer syn plicht dien, hy is de bisettingstiid troch kaem mei in suver gewisse; lit him dat gench wze!

It duorret net sa mlle lang, of wy binne wer nderweis nei hs. Wy hoege nou sa hurd net mear as hinnereis. Oeral binne hja hjir nou warskge foar de auto mei poepen en nou kinne hja harren yn acht nimme.

Yn t moaije waer glide wy de wei oer. Ik sjoch nouris hwat om my hinne. Moai leit it maitiidsgriene ln om s hinne. Frede liket it. Hwa soe tinke dat de iene minske de oare formoardet hjoed? It docht my tinken oan krapoan fiif jier tobek. Tsien maeije 1940 wie t krekt sok waer: rounom sinneljocht, oeral nij grien, allegearre jong libben! Doe kamen hja. Fiif jier ha hja terge en forfolge. Earst hiel hoeden en gemien. Letter iepenlik, mar net minder falsk. Nou geane hja, it ,,Herrenvolk!

nder dizze prakkesaesjes binne wy al gau wer op Quatrebras oankaem. De wachtmaster bringt my noch efkes troch nei it Wettergebou. As ik dr kom fyn ik Wim mei noch in stikmannich yn it kantoar fan menhear Berghuys. Der sille in pear forfangers oannaem wurde foar de fallenen. Wy moatte op s tal bliuwe. Der hawwe har al in pear oanjown. Ik moat alderearst forslach dwaen fan s reis. Wim heart raer op dat de smychten net snapt binne yn Oentsjerk.

Sat wy noch oan it praten binne, komt der in menhear yn dyt fan e ynljochtingtsjinst blykt to wzen. Hy is tige nijsgjirrich nei it foarfal fan hjoed. It is fansels ek fan bilang dat dit feit fstlein wurdt. Grif moat it as in oarlochsmisdied biskge wurde. Drom forhelje wy him sa goed mooglik hoet alles om en ta gien is. t en troch makket er hwat oantekenings. As er de feiten sahwat wit giet er der op t om hwat roun to sneupen. It is al moai let op e joun as er wer komt. Hy hat al hwat nijs opdien mar it liket net sa bst. De auto mei de skoeljes, dyt sketten hawwe, moat by de Westerein pakt wze. De keardels binne as finzenen nei Moarmwld brocht. Dat stiet s fansels allegearre wol oen. Mar de ynljochtingstsjinstman is bang dat hja nou dochs ntkaem binne. Yn Moarmwld binne in stikmannich BS-ers kaem en dy hawwe sein dat de NBS yn Achtkarspelen dizze keardels graech ha wol omt hja dr ien deasketten hawwe. Dat wie goed en meiinoar binne hja fstutsen. Nou hat de ynformaesjeman nei Btenpost skille en it die bliken dat nimmen der hwat fan dizze saek fwit. En nou bigjinne de fornderstellings fansels. Soene hja ek mei in mklist troch har maten bifrijd wze? It wiene NSKKmannen, dus gjin Dtskers. Sadwaende kinne hja har wol tjaen foar NBS-ers. En soe dit dan ek in forkenningspartouille west hawwe fan de poepen, dyt jitte yn Grinsln oan e skant sitte? In bytsje ngerst en frij hwat nidich, dat se dr yn Moarmwld dy finzenen sa mar oerlevere hawwe oan guon dyt hja net ienris wisten hwert se weikamen, hearre wy dit forhael oan. Groepskommandant Jaep en ik sitte drnei noch in skoftsje by de femylje Berghuys. Der wurdt s in lekkere kop skerlarjemolke presentearre. Dat ha wy yn jierren net hawn.

It praet komt al gau op e konsintraesjekampen. Wy hawwe niis krekt fear de radio in forslach heard hoet it der yn it kamp Buchenwalde oan wei gien is. It is bisteftich sat minsken dr bihannele binne. Wy wisten wol dat it dr slim wie, mar it docht wol bliken dat de helte s jitte net oansein wie. It sprekt fansels dat de hear en mefrou Berghuys mei greate soarch it nijs, dat droer nou bikend wurdt, hearre. Fan Adri, har soan, hawwe hja noch neat heard. Forline simmer is er oppakt as ien fan de foaroanmannen fan de ndergrounske organisaesje yn Frysln, in jongkeardel fan 23 jier dyt bergen fan it nuodlikste wurk forset hat. De lste tiid die er oars neat as yllegael wurk. Syn baen hieder der oan jown. Earst hat er yn Grins sitten. Drnei is er nei it konsintraesjekamp Vught brocht. Neit yn augustus-septimber 1944 de finzenen t Vught nei Dtskln fierd binne, hawwe hja neat wer fan him heard. Soeder yn Buchenwalde sitte, of yn Dachau of yn Bergen-Belsen, of libbet er net mear? Hwat in marteIing fear san hshlding, dy lange nwissicheit, dat altyd-freezjen-en-dochs-hieltyd-wer-hoopjen! Wy fiele it, dizze minsken hawwe in great offer brocht foar de frijiheit fan s ln yn al dit lijen; al mocht Adri thskomme, ek dan al. De forhalen foar de radio binne foar harren noch folle forskrikliker as foar s. Moat it it memmehert net neinich sear dwaen, dat miskien ek de leave ldste soan dit allegearre trochmeitsje moatten hat? Jonge minsken hawwe swiere jierren hawn, mar soene sokke lden it net helte swierder hawn hawwe en noch hawwe? En dochs steane hja hieltiten mei alles r. Hja helpe drt hja kinne. Har oare soan hawwe hja ek fstien oan e NBS. Hy tsjinnet hjir mei s op it Pompstation.

It is al moai let as wy op bed geane. It is nou yndied in bd to neamen. Hjoed is der in soad strie op e ntfangseal, boppe yn it Pompstation, brocht. Lekker yn in tekken birlle, in jas nder de holle, kin men jin deljaen as op in bd, binammen as men hwat sliep efterop rekke is. 



De moarntiid (tiisdei 17 april) komt s dan einliken ek fierstentogau. It leit noch sa lkker as Wim om in re as sawn ropt. By forskate jonges moat de wekker noch wol in kear ekstra frinne, mar lang om let is it nst leech. De tekkens komme kreas oprlle by it sket lns to lizzen en dan frisse wy s hwat op by de kraen. Dat ha wy hjir foar: nearne wol de wetterlieding en it elektrysk ljocht mar hjir wie t samar wer ynoarder.

De moarn giet om snder folle drokte. Ik gean mei de menhear fan justerjoun nei Quatrebras, drt er yn in auto rekket.

De middeis, nei it waerm miel (it is nou sa bst dt), geane Wim en ik togearre nei Burgum. Earst op it Gemeentehs hwat saken fhannelje; dan efkes nei de skoalle, drt de politike finzenen sitte. In pear man steane op wacht. Der moat fansels op past wurde dat der net guon tpike, mar al to strang liket de tucht s net; yn alle gefallen is it hjir in paradys neffens de kampen en finzenissen fan e poepen. In pear Poalen en hwat arbeidstsjinstmannen moatte hjir nachts wol wze, mar deis meije hja yn it doarp omstappe. Lykwols binne der ek wol guon dyt raer omstean leare moatte. De N.S.B.-boargemaster en de waernimmende gemeentesekretaris sjoch ik bygelyks dwaende om it iene lokael oan to dweiljen. Foaryn sitte de froulju; in listke mei de nammen sit der op e doar. Hwat manlju sjouwe ierdappels oan. Wy hawwe it nijs gau fan dit saekje f: oan e iene kant hat men oanstriid om hwat triomfanteliks to fielen, oan e oare kant hat it ek hwat tragysk dat it sa fier komme moast, dat guon fan s eigen lnslju har sa misdrage koene. Dat wy geane mar fierder, de Kleasterloane del wer nei s kertier. De nderdkte klok wurdt krekt wer yn e Burgurner toer hyst as wy dr lns komme.

As wy op it Pompstation oankomme leit dr krekt in roubrief drt tynge yn dien wurdt fan it fallen fan Harm de Vries. Allegearre lze it. Wie oant nou Harm dyjinge drt wy oan tochten as wy op de dei fan juster weromsjogge, nou komt ek de femylje, syn faem, allegearre sa swier troffen, yn s geast nei foaren. Mannichien fan s wist hast neat fan Harm syn folk f. Men kaem t in oar doarp en koe inoar net iens sa krekt. Nou sjocht men dy nammen stean, nammen drt men de dragers net fan kin, mar dyt jin dochs hiel hwat sizze: in mem en in heit, dyt san great forlies forarbeidzje moatte; in faem dyt him, drt hja har in takomst mei dreamd hie, oan e dea fstean moast; bruorren, in suster, hja sille Harm sa misse; in lde beppe dyt op sa hege jierren noch san slach treffe moast: in Harm de Vries waerd formoarde, ien dyt hiet krekt lyk as har man. Swiere dagen hawwe dizze minsken. By it lzen fan de swartomrnne wurden is it of sjoch ik har foar my lns gean, as op in bigraffenis, en ik tink oan harren mei meilibjen en meifielen hwat dit foar har wze moat.


woansdei 18 april 1945

Mei folle gloarje docht dizze dei ek wer syn yntocht. In heldere loft, in dize oer it fjild, in noch net sa heech steande mar dochs al strieljende sinne, dat is it hwat my moarns om in re as sawn, as ik myn noas bten-doar stek yn e mjitte glimket. It is dan ek suver in wille as ik der efkes op t kin om hjir en dr in boadskipke to dwaen. Dan letter, op it Pompstation werom, efkes oan it sjitten. Theo hat frij krige fan e seksjekommandant om syn brenn ris to bisykjen. Bouwe en ik meije s sten ek ris prebearje. Fansels wurdt der wol oppast dat it gjin kwea kin en de kgels yn e groun bidarje.

Om san re as alve komme der Kanadezen oanriden dyt by de homeije fan it Pompstation hlde. In stikmannich offisieren rgelje t in jeep en fordtse s, dat hja hjir ynkertierd wurde moatte. 0, dus dan moatte hja s plak ynnimme, tink? freegje wy. N, t noch yn net; hja wolle s net heal forjeije. It doel is dat hja hjir yn it doarp p1ak fine foar san 225 man mei 7 offisieren en sahwat likefolle nderoffisieren. As wy mei harren jitte steane to praten op it hiem fan it Wettergebou komt Mefrou Berghuys der oan om harren yn e hs to noegjen. As hja heart dat der ynkertiering komt freget hja of wy efkes sizze wolle dat hja ek wol in pear man ha wolle. Nou, dat stelle de hearen tige op priis. De kornmandant, Captain Scott, wol dan sels graech mei in oare offisier, Captain Dunnier, hjir komme. Hy kin dan ek hwat mear mei s yn e kunde komme, seit er. Dan geane wy mei op stap. Hja moatte in plak ha foar har kantoar. Dat wurdt al gau foun. De soldaten hawwe hja leafst yn greatere gebouwen, mar der moatte gun minsken tset wurde of ngeriif fan hawwe. Hwat in forskeel mei de poe-pen. Dy kamen mar mei eas-ken: dit moat sa en dat sa. En dan koe men it mar dwaen. N, dit binne krekt s mannen. Hja binne o sa fetsoenlik en freegje s mar hieltiten hoet it it bste kin. De twa skoallen, de beukerskoalle en de pastorije komme guon yn. Dy binne dochs allegearre krekt brkt fan e poepen. It is in wnder sat alleman nou helpe wol. Hjir is sa lang nei tsjoen; mei in blier sin docht men nou allerhanne kerweikes. As de skoallen en sa skjin moatte is dat sa mar klear. Elk stekt de hannen efkes t e mouwen en ridlik gau is der farsk strie yn en liket alles wer moai himmel. As der oars ynkertiering kaem siet suver elts mei freze en beevjen f to wachtsjen oft hy ek ien fan e lokkigen wie. Nou binne der guon dyt s taroppe: ,,Stjr s ek mar in pear, hear! Ien seit dat er leaver fjouwer as trije ha wol. Safolle mooglik sille allegearre lykwols yn e skoallen en sa nderbrocht wurde. Allinne foar de offisieren moat plak by boargers komme. Dat is ek sa mar klear. De koken komt by Ketellapper, de grientekeapman.

Middeis nei iten, om in ure as trije sahwat, dr binne se. Autos, moters, tanks, alles komt oanriden en swaeit op drt it wze moat. Mar efkes letter hingje rounom al tillefoantriedden en skilje se fan it iene gebou nei it oare. As ik by Ketellapper kom om to sizzen hoet it dr sil mei de slieperij fan e soldaten, barne de benzinegas stellen al dat it sahwat docht. It iten is sa mar r en alles hawwe hja mar ta har foldwaen. As hja hwat brke moatte dan wurdt der mar wer in blik of in bus iepenmakke en it is der.

De dtske organisaesje fan 40 hie in bulte minsken gns forbouwerearre, mar nou binne der guon dyt de mle op t kear hawwe fan for heardens. Dit is pas organisaesje! En dan derby dy amikale omgong tusken soldaet en meardere. Gjin geskel en geraes lyk as by de dtskers en dochs wol oarder. Radios spylje, moters bromme, soldaten stappe kalm dr tusken troch of sitte al to dobbeljen om briefkes fan tsien, tweintich ensfh. s jild hat foar har alhiel gjin wearde, docht wol bliken. Alles hwat der dien wurde moat, as der ynkertierd wurde moat, bart en dochs bliuwt men hjir kalm by.

De twa offisieren by de femylje Berghuys binne der ek al. Drokte hawwe de minsken suver net fan har. Alles nimme se sels mei en sa geryflik as it mar kin: in tillefoan, in radio, in moai, noflik bd. It is sat men it jin as soldaet mar bigeare kin.

As ik wer op it Pompstation kom moat ik trije brieven to plak bringe: ien foar de GECO, ien foar de GEMOL en ien foar in lid fan e NBS-stf yn Hurdegaryp. Dy lste opdracht jowt my ek de gelegenheit efkes ths to sjen. Wim jowt my dr ek frij ta.

Sa kom ik foar t earst snt forline jier 9 septimber, dus sawn moanne lyn, wer frij by klearljochte dei by s it stekje trochriden en de doar ynstappen. It liket allegearre nou folle eigener ths as oars. Hwat is it lde en biwende stikken moaijer nout ik it wer sjoch nei san lange twongen fwzigens. Ik skgje de dingen mei oare eagen nout de frijheit der wer is.

Fierstentogau moat ik wer fuort.


tongersdei 19 april 1945

De dei stiet dalik al yn it teken fan e bigraffenissen dyt hjoed wze sille. Wol sil elts dyt mei giet, syn unifoarm overall oanhlde, mar fansels moat men fierder wol sa gaedlik mooglik klaeid wze. Boarden komme om, alpino mtskes op. Allegearre krekt allyk.

Twa autos geane nei Tsjommearum mei it folk dat Bouke Kingma (syn wiere namme is Evert Sybesma) de lste eare biwize sil. It stoflik omskot is fan e wike dr al hinne brocht troch Wibe en noch in man as hwat mei in frachtauto en in persoanewein. Hja hiene noch al efkes nderweis west omt hja suver net foar har t sjen koene, san snwolkens kamen der del, de hiele klaei oer, fan de ntploffings op it fleanfjild.

Der geane nou acht man fan s mei en dan noch in stikmannich oaren lykas de boer fan e Swette, drt Bouke nder wetter wie, dmny De Wal fan Noardburgum ensafuorthinne. Wim sil t namme fan e NBS in pear wurden sizze. Al bitiid moatte hja op stap.

In oare groep giet nei de biierdiging fan Tsjalling Talma yn Feanwlden. De middeis marsjeare hja mei de wapens oer t skouder f.

Mei syn trijen bliuwe wy op it Pompstasjon oer. Dat is fansels to min foar de biwaking. Drom binne der in stik as tsien Kanadezen by s kaem om s derby to helpen. Ik haw de hiele middei de wacht op e wei foar de greate hikke. Fjouwer Kanadezen hlde my selskip. Hja fortelle my hiel hwat oer Kanada en oer har aventuren as soldaet. Op e mouwe hawwe hja ,,Glengarrians stean. Dat is de namme fan it regimint wurd ik gewaer. ,,Glengarrian is sa folle as in provinsje, in distrikt, mei trije gemeenten, drt hja de bigjinletters (S D G) fan op e klots hawwe. Oan it tal reade streken, dat hja op e mouwe hawwe, kin men sjen hoe folle jier as hja tsjinne hawwe. Is it earste fan dy streekjes in witen ien, dan bitsjut dat dat de drager frijwilliger is. Dit binne allegearre frijwilligers omt der yn Kanada gjin tsjinstplicht is. Ek de rangen lizze hja my t. En hja fornije my dat har fearalden t Skotln kaem binne san trij-fjouwer hndert jier tobek.

Wer is s hiten alles op e wei to kotrolearjen: autos en moters meije net brkt wurde as bistjrders gjin ,,rijorder toane kinne. Snder biwiis mei ek nimmen op e greate wei rinne of fytse.

It sil san re as trije wze as der in moai greate persoanewein oan komt. De hn komt yn e hichte en hja wolle wol stean bliuwe. ,,Mei ik efkes Jou papieren sjen? Dan docht it bliken dat hja fan in riidoarder nea heard hawwe, dat mar ien fan e trije in NBS-identiteitskaert hat mar dan ek noch snder stimpel en dat de auto fol spullen sit dyt harren tige fortocht meitsje. De auto litte wy troch de homeije it hiem opride. Krekt komme de mannen dyt nei Feanwlden west hawwe werom. Ek hja fortrouwe it net alhielendal. Pompieren net foarinoar, Dtske en lngelske springstof yn e auto, hiel oare bannen om e earm as wy ha, Dtske learen jaskes oan, alles liket hwat fremd. En wy ha troch it gefal mei Harm wol in warskging hawn. By it bisjen fan de persoansbiwizen fine wy by ien fan harren in losse foto drt hy yn SS-unifoarm op stiet. Nou is it fansels alhiel moai! De Kanadezen sneupe mar yn e auto om. In revolver sjoch ik dat ien fan har yn e bse stekt. Tabak wurdt der ek t helle.

Mei noch in pear man gean ik mei de trije hearen nei de Marechaussekaserne, drt hja forheard wurde. Hja fortelle dat hja nou fan Makkum komme. Dr ha hja fiif dagen en nachten efterinoar as BS-ers yn it fjr west. Om e Ofsltdyk is tige fochten. Mei in pear oaren hawwe hja de earsten west dyt yn Peinjum trochdrongen. Drfoar hawwe hja in lokwinsk fan e Kanadeeske kommandant krige. Ek foartiid hawwe hja hiel hwat bilibbe. Ien hat meidien oan oerfallen op it pelysjebero yn Snits en op mear plakken. Hja hawwe der op e Sweach by west, doet der wapens delkamen. De foto fan de iene yn SS-unifoarm is makke omt hy dat unifoarm wol droech by oerfallen. Yn Grins, drt hja einliken weikomme, hawwe hja ek hiel hwat gefaerlike kerweikes t e wei set. Drom moasten hja dr op t lst ek om in hinnekommen sjen en binne hja net fier fan Boalsert to lnne kaem. De jongste fan e trije dyt gun NBS-er is, hat gjin heit mear en syn mem hat KP-ers yn e hs hawn en is deryn roun. Hja is nei in konsintraesjekamp yn Dtsln brocht.

Al dizze forhalen binne sa wnderbaerlik en sokke sterke staeltsjes komnme hja fierder noch mei oansetten dat wy tsjin inoar sizze: ,,Wy hawwe hjir in pear fan de greatste smychten to pakken dyt lige kinne sa ha jo net, of dit binne guon fan de fikste keardels dyt der yn it hiele ln to finen binne, in pear bste KP-leden. Der wurdt bisletten, wy sille harren mar nei Burgum bringe. Yn in Kanadeeske auto, dyt wy loskrije fan e Captain, geane wy mei syn trijen mei de trije arrestanten nei Burgum. Jaep giet foaryn by de chauffeur sitten om it paed to wizen. Westerhof en ik sitte mei s sten klear efteryn om de mannen yn it each to hlden. Ien jong Kanadeeske sit ek by s. Hy loert mar hwat nei s en laket mar, as woeder sizze: Lit se net ntkomme! Jimme hawwe in goede fangst dien.

Op it gemeentehs wer foar it forhoar. Ien fear ien wurdt der yn roppen en mei syn forhael fortelle. Dan skillet de kommandant fan e seksje pelysje nei Ljouwert mei as risseltaet dat wy de mannen nei de std bringe moatte. Dat giet oan. Mei in knappe feart strst s frachtweintsje troch Hurdegaryp en mar in setsje letter steane wy al fear it Burmaniahs, drt de Gewestlike Stf setelt. As wy tlein hawwe hoet de foarke ien e stlle sit, stjre hja s nei it pelysjebero dr fuort by. Nei in skoft wachtsjen wurde de trije mannen ien fear ien yn in keamer roppen. Hege pelysjemannen mei stjerren op e kraech komme der oan to pas. Dan moatte wy ek wer fortelle hoe en hwat. Op it lst komt der ek noch in hege Kanadees by. It is in goed ding fine hja dat der op san greate wei sa goed kontrolearre wurdt. Hja sille bisykje kontakt to krijen mei de Distriktskommandant to Boalsert om nei to gean oft de arrestanten doge of net. Wy moatte sa lang mar wachtsje. It wurdt al tsjuster as der einlings wer in pelysjeman komt mei it nijs dat it slagge is de DIC (Distriktskommandant) fan Boalsert to skiljen en dat dy forklearje koe dat de forhalen fan ,,Gerrit en Joop wol wier binne. Wy winskje de mannen lok mei dizze tslach en sizze dat it s muoit dat wy harren san skoft ophlden hawwe. Lokkich nimme hja it s alhiel net kwea f. Hja jowe s great gelyk dat wy it saekje net fortrouden. Hja soene krekt sa dien hawwe en as it oarsom west hie, hiene wy san goede bihanneling grif net ienris krige, sizze hja. De skuld leit by har kommandant, dyt net soarge hat dat har pompieren goed ynoarder wiene.

Wy kinne nou wol fuort gean. s ,,goede fangst bliuwt dr fannacht en krijt moarnier bettere legitimaesjebiwizen mei. Ien fan s ploech sil dan har wein nei Ljouwert bringe en dan kinne hja nei Grins gean om har plan, om yn Grinsln mei to fjochtsjen, t to fieren.

It is san re as lve as wy wer to plak binne op Noardburgum. De twa Kanadeeske kapiteins hawwe witte litten dat hja der wol bilang by hawwe noch to hearren hoet dit gefal him ntwoun hat. It hat ek bliken dien dat der t e auto fan e KP-ers twa pistoalen misse. Dy moatte fansels moarnier wer to rjochte wze. Lokkich is der sjoen dat Kanadezen dy yn e bse stutsen hawwe. Drom geane Jaep en ik noch nei de beide offisieren ta. As wy by har op e keamersdoar oanklopje wurdt dy fuort iependien. De iene is al yn pyama. Hy soe krekt op bed, mar wy rnoatte der dochs efkes yn komme. Wy sjogge mar hwat forheard om s hinne sat alles hjir yn oarder is. De radio spilet, in tillefoan hinget der al oan e want. It bd is foar s ek hwat nijs mei syn lekkens, drt men jin mei in rits alhiel yn bislute kin. Sa is it allegearre sa geryflik as t mar kin. Earst dogge wy nou de saken f. Dan prate wy noch hwat nei. Captain Scott is nijsgjirrich nei it ndergrounske wurk en nei de NBS. Hy hat ek yn Frankryk en Belgi west, mar nearne wie de boel sa goed organisearre as hjir. As er dat nou om s seit of omt er it mient kinne wy fansels min tmeitsje, mar hy fortelt fierder dat yn dy oare lannen hja al foarby wiene eart de yllegale soldaten foar t ljocht kamen. Yn e greate stdden wie it dr ek wol goed foarinoar mar op it platteln like it nearne nei en drtroch roun it gehiel lang sa goed net. Hjir binne de brgen al biset en forskate plakken al yn hannen fan e BS as hja komme. Hy seit greate biwndering to hawwen foar san organisaesje, binammen as men bitinkt dat alles yn it forhoalen op priemmen set wurde moast. Wy op s bar fortelle him hoe

bliid wy binne dat de frijheit nou einlings kaem is en hoet wy hjirnei longere hawwe.

It is al moai let as wy yn it strie lizze.


freed 20 april 1945

Dizze dei is wer in earnstige dei. De middeis moatte wy op de bigraffenis fan Harm de Vries.

Sawntjin man geane mei. Marsjearend nder kommando fan Romke geane wy nei de Baptiste Tsjerke to Noardburgum. Op it poadium komme wy to sitten. De kiste stiet dr midden op. Ek s GECO en GEMOL binne der. As alle minsken to stoel en to bank binne (de tsjerke is fol) wurde der inkelde minuten stiltme hlden. Wy steane allegearre stram yn e hlding, it gewear prissentearjend. Plechtich is de stilte dyt swier yn e tsjerke leit. Dit earbitoan oan Harm, de for stoarne, makket greate yndruk op eltsenien. Dan bigjint Dmny De Haan syn routsjinst. Wurden fan treast hat er foar de efterbleaunen: Harm forlear it libben om in better libben to winnen. Dan kinne allegearre Harm noch ien kear sjen, de neibisteanden lst. It deart jin oan. De dragers komnme. Hja nimme de kiste op. Stadich giet de stoet tein. Wy rinne fuort efter de kiste. Oan e wei stiet in bulte folk.

By it grf sprekke dmny en de gemeentlike kommandant fan e NBS. In stik trije krnsen wurde op Harm syn lste rstplak lein. It fjrpeloton jowt syn salvos. Dan giet de lange stoet nder it spyljen fan it tsjerkoargel troch in earewacht fan NBS-ers it tsjerkhf wer f.

Stil en yn tinzen marsjeare wy nei it Pompstation.


sneon 21 april 1945

It is noch net sa hiel let fan e moarn as s auto ploechje freizget. Njoggenentweintich SS- en Lnwachtmannen, dyt yn Burgum finzen sitte, moatte nei Ljouwert brocht wurde. Foarop in frachtauto mei dat naesje derop, it BS-weintsje der efteroan, sa giet it nei de std. Der wurdt wol goed oppast dat der nimmen fan ruten spilet. Theo, s marinier, dyt mei syn brenn efterop sit, stiet der einliken allinne wol boarch foar dat der gjinien tnaeit. Yn e finzenis yn Ljouwert treffe hja it. In biwarder biedt nammentlik oan har it ien en oar sjen to litten. Nou, dat is trwis fansels. Forskate slimme gefallen sitte dr al: de biruchte Pier Nobach, de moardner fan Baron van Harinxma thoe Slooten en jitte mannich oare skoelje. Dan seit de gids: Fortel mar ris hwat Jo dien hawwe of ,,Hoefolle moarden hawwe jo op jou gewisse? en dan binne hja allegearre sa dryst net en hld har stil.

Undertusken hldt Theo it taforsjoch op de njoggenentweintich finzenen. As ien de earmen, dyt er omheech hlde moat, in bytsje sakje lit, jowt Theo hum in dst. Dan fljogge de hannen de loft wer yn. Op it lst ha se allegearre minstens ien kear in reis hawn. Ien bigjint to krimmenearjen dat it net tafalt om oardel re mei de earms omhegen to stean. ,,Nee, seit Theo, ,,maar het valt ook niet mee twee en een half jaar ondergedoken te zitten! Is it in wnder dat er grimmitich is? Sa lang al fier fan hs en yn fremd wurk en altyd nder spanning? Syn sweager, dyt by de marinefleantsjinst wie en ek yn Burgum nder wetter wie, is forline hjerst troch de poepen letterlik deaslein en drnei ek noch trochsketten, inkeld en allinne om t er oantroffen waerd by de Doumas, drt hja om e nocht om kamen. Soks allegear is Theo fansels noch net forgetten.

It is in opluchting foar de njoggenentweintich man, dyt dr as fgelforskrikkers steane, as einlings de oaren wer komme en hja yn e sel har plak krije.

Yn geuren en kleuren krije wy dit forslach fan de reis nei Ljouwert to hearren as de auto wer op it hiem fan it Pompstation stiet.

Op e neimiddei komt der wer nijs. Wim dielt mei dat der frijwilligers frege wurde om mei nei HoIln ta, dat noch bifrijd wurde moat en foar de kustwacht yn Frysln. Ik moat nei it gemeentehs ta om forklearringen to heljen, dyt ynfolle wurde moatte. Op it gemeentehs moetsje ik myn ploechmaet Theo. Hy is al dwaende san pompierke yn to foljen. Drmei is er de earste dyt him oanjowt. Efkes stean ik yn bistn en doch it ek fuort mar ik wol gjin dingen dwaen snder se earst goed yn my omgean litten to hawwen as dr tiid foar is. En it driuwt noch net. nderweis wer nei myn post haw ik gelegenheit om it allegearre nochris nder eagen to sjen. En hwat mear as ik dat doch, hwat fester as myn bislt wurdt. Ik kin der ommers net foar wei! Ik tink oan fant winter, doet ik faek yn e kjeld forskle siet op e souder yn myn nderdkersplak en hoet ik der dan nei langhalze dat de bifrijing dochs mar ris komme mocht. De bifrijing, dyt dochs ienris komme mst; ik bilibje it wer hoet ik foar it dakfinster stie to stoarjen oer it fan e iere maitiidssinne bestriele, splis steande ln en dan mei san neinich great langstme tochte oan e frijdom dyt sa nbirikber like en dyt der dochs ienris wer wze soe, dyt my wer yn steat stelle soe to gean drt ik woe yn dat wide, rme gea dr foar my. Nou kin ik my der sa yn jaen, hwat in bulte jonge minsken yn Holln nou noch trochmeitsje. En dr hawwe hja boppe oer al it leed dat wy ek kenne, noch de hongersneed hinne. In lyts stientsje bydrage oan dit greate wurk, de forlossing fan it sa bineare westen, dat sil ik dochs altyd kinne, ja moatte sels. En as ik net mei nei Holln mei omt ik gjin militaire oplieding hawn haw dan sil ik dochs troch myn plak yn to nimmen by de kustwacht in oaren ien frij meitsje om mei to helpen oan e bifrijing fan s hiele ln. As ik wer op it Pompstation bin, komt Wim al gau mei de fraech hwat him oanjaen wol. Foar sa en sa let moatte de oanjeften by him binnen wze. Ik kin earst noch krekt efkes nei hs om oer myn foarnimmen om my op to jaen to praten. As ik tlein haw hwerom ik it myn plicht achtsje to gean, binne hja it dr mei iens.

Wim kin de jounes fiif man oanjaen foar mei nei Holln en trije foar de kustwacht. Ik haw tsjin him sein dat ik leafst drhinne wol, drt hja my it bste bruke kinne. Tillefoanysk leit er dat mei de GEMOL oer. It wurdt it bste foun dat ik by de kustwacht kom. Sa wurdt dan opjown. Op e eilnnen sitte noch Dtskers. Faeks meije wy drtsjin dan noch wol mei helpe. Yn tinzen droer fal ik yn e sliep.



snein 22 april 1945

Fan e moarn haw ik tsjinst. Ik stean efter it Pompstation op wacht as der in man oankomt, dyt nijs hat. Justerjoun binne der fjouwer poepen sjoen dyt weiwaerden yn in gat by de Ritskeloanebosk. Hieltiten hearre wy soksoarte forhalen. Dan wer hat ien Dtskers waernaem, dan wer in auto dyt tige heimsinnich earne stean bleau en drt doe in unifoarm tsmiten waerd, dan wit wer ien dat der troch de hiele bosk nderierdske gongen groeven binne, drt grif ek greate foarrieden iten en munysje yn sitte, sadat de poepen it dr tiden thlde kinne. Elts wol graech meihelpe en alles sizze hwat er wit of mient to witten om foaral mar dy smoarge poep to pakken to krijen. Gjinien moat him earne forstopje kinne. Dat derby wierheit en fantasije wolris in bytsje al to ticht byinoar komme, moat men de nijsbringers mar net kwea fnimme en dat dogge wy ek net. De bidoelings binne tige. Mar dat nimt net wei dat men dan dochs mar forskate forgese lopen der om meitsje kin. Sa giet it ek nou. Men kin it der net rjocht op oankomme litte. As der ris hwat fan wier wie? Dus geane der in man as hwat mei. In skoft letter komme hja werom. Foarsichtich binne hja nei it gat taslpt. In hngranaet ha hja der yn smiten mar it die wol bliken dat it wer mis wie. Neat to finen fansels.

Nei iten meije dyjingen dyt harren oanjown hawwe as frijwilliger fuort omt dit grif de lste snein is dat hja hjir binne. Dy kns litte wy s fansels net ntkomme.

Yn e Eastermarder tsjerke kin ik net hieltiten myn omtinken by de preek hlde. It is lang lyn dat ik hjir komme koe en dat ik frij gean mocht, drt ik woe. Is it in wnder dat myn tinzen wolris op e doele binne en my fiere nei de tiid dyt leit tusken de lste kears dat ik hjir siet en harke nei Gods Wurd en nou? Hwat is der net in soad bard! Hwat hawwe de gefaren wolris great west! Nou binne wy wer frij. It wol noch net yn my del. Ik haw noch suver gjin tiid hawn om my dit to ralisearjen. De wurden fan dmny lykwols bringe jin der wol ta. Wy moatte witte hoet wy de frijdom brke sille, de frijdom, drt wy sa nei tseagen, drt wy foar striden hawwe, net allinne dizze lste dagen, mar de hiele fiif jier hast. Wy moasten it winne, wy soene it winne. Mar hiene wy it ea woun as wy it sels, yn eigen krft, dien hiene? As der oan it arbeidzjen net it bidden foarf gien wie? En dan witte wy wol, dat wy it net kind hiene en dat wy faken op it kantsje oan e dea ntkaem binne, as troch in wnder. Dat hat net us wurk west. Dat wie it wurk fan ien Dyt machtiger wie as s sterke fijn en Hy hat s de frijdom wer jown, de frijdom dyt wy drom brke moatte om Him to tankjen, de frijdom dyt wy ek bisteegje moatte ta Syn eare. Tinzen foarmje har en forfljogge wer. Wurden, sinnen geane de tsjerke troch nei de rninsken, dyt se fsthlde of oer har hinne of oan har foarby gean litte; wurden, sinnen, dyt dochs ien fan harren in machtich gefoel fan tankbrens, fan greate rst, fan oerstjelpjend lok jowe en him sa bliid meitsje, dat hy wol sjonge, jubelje wol.



moandei 23 april 1945

Lyk as ornaris kin ik der fansels ek fan e moarn mar min fkomme as Wim by lns komt: Nou jonges, wakker worde! Justerjoun moast ik der om tsien re wer wze hwant dan hie ik de wacht. Sadwaende wie it al net sa ier mear doet ik it fel oer de eagen luts. As men jin lykwols nou de sliep in bytsje t e eachteisters wreaun hawwe en by de kraen ris lekker goed hwat wetter oer it gesicht spiele litten hat, wurdt it gau better. Alle dagen is it waer like moai; dat ek dat lokket wol. Fan e moarn wurdt der hwat ekstra op e antlitten omrost. It hier komt ris in hael mear mei de kaem troch en mannichien sjocht men wrakseljen mei in board of in strik dyt om moat. Hwat soe der barre moatte, dat alles sa yn e es wze moat? Wol, wy komme op portret fan e moarn.

Meijer fan Eastermar komt aerdich op e tiid. In inkelde NBS-er moat noch efkes op wachte wurde, mar einlings is de hiele saek dochs kompleet. Hwat to plak skikken en dan knipt de fotograef. It is in hiele groep: s hiele seksje mei de forovere auto en de fyts fan e Dtske kommandant. Drnei wurdt in foto makke fan alle Hurdegarypsters meiinoar; dan fan alle Noardburgumers. De trije kommandanten mei de koerierster komme der ek op. Ien plaet is der jitte oer. Bouwe en ik nimme de kns waer en fuort letter binne ek wy togearre as jongsten forivige. It is it doel dat der fan de greate groep in forgreating komt to hingjen op e ntfangseal fan it Pompstation mei in list fan de nammen en de hntekeningen.

Nei iten geane Bouwe en ik op stap nei Hurdeganyp om hwat byinoar to skarreljen foar in fskiebyienkomst, dyt de jounes hlden wurde sil omt heechst wierskynlik de frijwilligers fan e wike noch fuort moatte. Mei hwat flessen limonade, punch, ensafuorthinne komme wy wer ths.

Om in re as sawn komt dmny Geertsema om in koarte jounwijinge to hlden. Der binne lykwols noch net sa folle taharkers. Underwiles en fuort der nei komme de measten del. De froulju meije mei komme, dat it duorret net sa mle lang oft de sliepseal, drt it strie en sa t helle is, is knap biset. De fiif mnlju, dyt hjir yn it doarp it yllegale wurk dien hawwe, Auke, Durk, Hindrik, Sape en Jelle binne mei de froulju ek bywzich. Fierder is der de femylje Berghuys en ek s kok, Rein, komt.

In stik as fiif akkordeonisten soargje foar hwat muzyk. Wim hat de lieding en dat is him wol tabitroud. Mei spyljen, sjongen en foardragen is it gau let.

De gemeentlike operaesjelieder komt ek noch efkes del mei Lipke, de groepskommandant fan e Burgumer groep, dyt ek by s seksje heart. De GEMOL fortelt dat er de middeis nei in gearkomste yn Ljouwert west hat. Dr wiene ek de forbiningsoffisieren fan Prins Bernhard. Der wie binammen ek praet oer de frijwilligers. Foarearst meije der gjin nei Holln. Dyselden, dyt har drfear oanjown hawwe, geane nou ton earsten mei nei de kust.

Noch inkelde oaren komme ek oan it wurd.

Om in re as lve slt Wim mei in wurd fan fskie foar harren dyt fuort sille nei de skant. Hy jowt opdracht dat eltsenien, dyt net in NBS-bn om hat, fan ien fan e oaren thsbrocht wurde moat. Op inkelde wachten nei geane wy dan ek sahwat allegearre op en paed om dizze swiere opdracht t to fieren. By mannichien fan e trouden under s sille grif de tinzen weromgean nei langforfleine tiden, nout hy syn oare helte thsbringe mei en dan wer fuort moat. Wie it ek net san moaije nacht mei rounom stjerren oan e loft, doet hy har fear it earst nei hs brocht?

Ik haw noch net sa lang de eagen ticht hawn as ik om twa re roppen wurd om op wacht to stean oan fjouwer re ta mei Theo. Der is net folle to bilibjen san wacht. Poepen sille der nou grif net mear komme. En hwat der al lns riidt moatte wy nammers ek gean litte. De greate izeren hikke is op t slot. Dat wy kinne net op e wei komme. Dochs forfeelt it my net. Theo wit safolle to forheljen dat it muoit my suver as it fjouwer re is. Hy hat de hiele wrld hast roun west en alle greate havenstdden hat er bynei sjoen.

As s flos lykwols komt geane wy dochs mar by de trap op om s ris lekker yn in tekken to rljen. nder radiomuzyk en it ld fan de stimmen fan in pear nachtwachten fan e Wetterlieding binne wy dochs sa mar fier fuort. Alles went op t lst; ek dizze slieperij, al skrillit men noch wolris towekker troch in dreamende neistlizzer. Der bine guon dyt it nuver opsizze kinne yne sliep, dat ha wy wol fernaem. Sa is it ek alris bard fan e wike dat der ien ynienen oerein sitten gyng en frege: Do you speak English? en doe kaem der in hiel Ingelsk forhael efteroan. Oft it allegearre wol goed Ingelsk west hat sil de fraech wol wze.


Freed 27 april 1945

De lste dagen ha wy mar hwat omhingele. Folle to dwaen is der net mear. It wachtklopjen giet nacht en dei troch. Tuskentiden meije wy wolris efkes fuort. In pear, dyt ths min mist wurde kinne, binne al wer nei hs ta. De nacht fan tiisdei op woansdei mocht ik ths wze omt wy de oare deis fuort soene. Doet ik lykwols woansdei mei myn koffer mei spullen der wer wie waerd s oansein dat de reis wer in dei tsteld wie. Wy soene dan nei de sigge efter Dokkum moatte. Juster hearden wy wer dat it noch in dei letter waerd. Sa kin men oan e gong bliuwe. Hiel hwat dingen t e koffers ha wy al wer brke moatten, dat it saekje leit al wer moai trochinoar en ik moat wolris sykje. Dit lange wachtsjen bigjint s ek wol hwat to forfelen. Wim stjrt my drom der op t om ris to Burgum to pinfiskjen hoet it nou komt. De gemeentlike kommandant jowt my it boadskip mei dat elts dyt wurk hat mar wer oan e slach gean moat. Der liket fan dy hiele kustwacht ton earsten net folle to kommen. Ik moat moandei ek wer oan it wurk, seit er. As ik fuort moat kinne hja my altiten noch wol fine.

Fan it gemeentehs fyts ik nei de iepenbiere skoalle mei in brief foar immen dyt dr is. Ien fan e wachten, dyt ik wol goed ken, lit my de saek nochris efkes sjen. Der sitte nou noch san dikke hndert man. Ea nou en dan geane der wer guon fan e slimsten nei Ljouwert.

Mei it NBS-weintsje, dat juster blau oerspuite is omt it oars in bytsje to noedlik waerd mei dy Dtske kleuren, kin ik moai meiride.

Nei iten geane wy mei in man as fiif de bosk troch om ris to sjen oft der ek noch hwat fan e poepen efterlitten is. Wy sjogge de loapgraven hwat nei, strune de boskjes troch, geane efkes boppe op e belvedre, drt wy s der oer forwnderje hoet alles yn oarder is. In kreas keamerke mei oan alle kanten finsters, in kachel, radio, tillefoan, elektrysk ljocht; alles tige geryflik. Men hat ek in prachtich tsjoch oer de Burgumer Mar. It moat suver in nocht west hawwe foar de Luftwaffemannen om hjir wacht to hawwen.

Wy sjogge fan boppen f dat de barakken tichte by de bosk krekt fbrutsen wurde. It materiael wurdt nei Burgum oerbrocht.

Yn e hiele bosk ha wy net folle mear to forstriken fornimme wy wol. Hjir en dr is in loopgraef of in sklgat mar alles is leech. Hwat in gaedlik oefenfjild hiene dy soldaten hjir oars! Ek in pear sjitbanen binne der. Wy ha hjir fan e wike ek alris oan it sjitten west mei it gewear, de stengun en de brenn.

As wy wer op it Wettergebou oankomme giet dr it nijs dat wy allegearre moarn grif fswaeije kinne op in stik as fiif nei, dyt hjir de boel biweitsje moatte. Mar hoefolle oft der fan oan is wurde wy net gewaer. fwachtsjen is dus it iennichste hwat wy dizze dei fierder dwaen kinne. Sahwat healwei toalven op e joun is it. Wy sille op bed. By de muorre lns leit al in moai rigeltsje to sliepen, alhiel birlle yn e tekkens. Ien hat syn teannen forgetten; tominsten fiif bleate teannen kypje t in tekken wei. De man sels leit fst to sliepen. Dit kin wille jaen fansels! Hoe moatte wy hjir mei oan? Mei in strieke kidelje? N, it kin noch moaijer! Ien hat wol tou. Al ridlik gau is der hoeden in strp om e greate tean lein. De oare ein komt om e tean fan in buor an. Dan yn e midden in oar tou, drt oan lutsen wurde kin. Allegearre jowe wy s nou del. Wy harkje noch efkes nei de radiobirjochten fan kertier foar toalven; dan wurdt it stil.

Ynienen (nei in hoart oan it tou fansels) lkt ien fan e beide toutsjemannen syn fuotten al ris hwat op. Wer in lkje en hy wrot al raer hinne en wer. Op t lst kronkeIt er as in iel yn it strie om ta great formeits fan e netsliepende meisliepers oant hy, nei in fle skuor oan it tou, oerein fljocht en in taest nei syn tean docht. Underwiles hat ek de man oan e oare ein fan it toutsje nuvere stekken yn syn tean field en dan wurdt fansels de oarsaek gau ntdutsen. Mei in skjirre forhelpe hja de kwael. De iene wriuwt allinne noch hwat op in pynlike tean om. De kwesje wurdt lokkich goed opnaem en al ringen is it laitsjen by mannichien oergien yn in rstich, rhytmysk sykheljen, by in inkelden ien sels yn in tige muzikael snoarkjen.



sneon 28 april 1945

Hshimmelje! Dat wurd bihearsket in great part fan dizze dei. De measten swaeije hjoed f. Drom moat de boel hjoed skjin. De froulju dyt t en troch der alris west hawwe om de saek hwat to hoffenjen binne der nou wer. It strie moat dert, de tekkens wurde tkloppe en to wierjen hongen, de flier wurdt skrobbe en alles wurdt fstoffe en fwosken. Mei man en macht binne wy der suver oan iterstiid ta mei bisteld.

Nei iten is it tiid om fskie to nimmen.

Jaep bliuwt as groepskommandant mei trije man: Theo, Bartele en Freark. Hja komme by Oostenbrug yn e kost en moatte op it Pompstation om bar op wacht. De wapens foar harren bliuwe hjir; de rest giet nei Burgum.

Stadichoan geane der al guon fuort. Dan nimt de iene fskie, dan de oare. In pear binne noch oan it fdoegjen wylst de Juffer fwasket.

Ik sykje myn spullen byinoar. As ik r bin sjoch ik om my hinne. Dit sil no de ein wze fan in tiidrek dat s allegearre s hiele libben wol heuge sil. Dan in hnjaen, in pear tankwurden, in Oant sjen! en it is foarby. s tsjinst as NBS-ers is dien!

Fjirtjin dagen binn wy hjir noch mar. It liket my wol fjirtjin wiken ta; der is ommers ek sa folle bard.

Nou giet de boer wer nei syn bidriuw, de arbeider sil tonei moarns wer nei it melkln panderje en jouns nei hs kroaskje, de molkrider wer syn ientoanige lopen dwaen, de kantoarman wer de hiele dei tusken fjouwer muorren sitte. Elts is wer soldaet f. It nderskie yn rang en stn, yn leauwe en libbensopfetting, yn omgong en ntjowing, dat hjir yn dizze dagen einliken weifallen wie, sil him grif wer iepenbierje. Hjir fielden wy s ien. Wy koene meiinoar s wurk dwaen, meiinoar libje, meiinoar stride yn dizze spannende tiid. Soe it aenst yn tiden fan frede, fan rst, hwanneart s ln wer opboud wurde moat, ek noch kinne? Ik freezje

It libben sil aenst wer fierder rlje, krektlyk as wikemannich lyn. Elts hat syn wurk wer, elts docht syn dingen wer. Allinne sil der ien forskil wze: wy binne frij. Frij! Ik wol it wol oer de hiele wrld troppe, traze. Frij, frij, frij ! ! En dochs liket it as bigjinne de minsken it al wer to forjitten, it al wer gewoan to finen. Der wurdt al wer krimmenearre, kankere. Binne de minsken dan de slaggen forgetten sadrt de stk fan e rch is? Wurdt de grutte skat fan e frijdom fuort al wer net gench wurdearre? En dochs kinne wy gean drt wy wolle; wy kinne s jouns wer rstich deljaen. En och, ja dat heart der dochs ek by der mei wer iepenlik en rount krityk levere wurde op alles en noch hwat, der mei wer krimmenearre en kankere wurde en dan hoecht men net bang te wzen dat men ophelle wurdt. Ek dat is frijheit!

Ek sil hja in leechte jaen, de frijdom. Is net de spanning fan it nderdken en it gefaer fan it

yllegale wurk foar mannichien in stik fan it libben wurden? Oare wearden, oare taken sille dy leechte wer opfolje rnoatte. Sille hja it by eltsenien kinne? 
It libben giet syn gong. Ja, elts giet wer nei hs. Mar yn somlike huzen bliuwt in lege stoel. Dr mist in heit, in soan, in broer! Dr is ien de doar tgien om syn plicht to dwaen, mar hy is bleaun yn e striid. It libben giet fierder mar troch in memmehert is in skerp swurd snien; foar in faem hat him oer in ljochtsjende takomst in njre, neare nacht lein; in frou is forwoune yn it djipst fan har bistean, hja sil fuortoan allinne stean foar de swiere taek om har berntsjes great to bringen.

Bliid is oars eltsenien. To djipper fiele hja it leed dyt net bliid wze kinne omt har herte skriemt en yn rouwe is. Hja hawwe de frijdom to djr koft om der daliks tankber foar to wzen. Hja binne it dyt treast en help fan minsken nedich hawwe, fan s, dyt biwarre bleauwen yn greate gefaren, mar mear noch fan Him, Dyt us biwarre. Dyt in man foar widdouwen en in heit fear wezen wze wol. Hy sil it mei allegearre goed meitsje, mar wy hawwe s plicht ek to dwaen troch de stoflike need wei to nimmen, troch to dwaen hwat wy as in eareskuld fan s folk biskgje moatte: it forsoargjen fan e nei litten hshldings en sibben fan e fallen striders!
O Hear, help har! help s!


Simmer 1945.
Bron: Frysk moannebld De Strikel




Vooraan met krans, de chef van de groep Hardegarijp-Noordbergum van de N.B.S., Wim van Oosten.


Evert Sijbesma,met het gezin waar hij ondergedoken was (Fam.Jacobi, Veenwoudsterwal)
v.l.n.r. dochter Jacobi, Mevr.en Heer Jacobi (jongste dochter op voorgrond, Evert Sijbesma
en zijn zuster Evertje Sijbesma.

v.l.n.r: Evert Sijbesma, Tjalling Talma en Harmen de Vries.